Sikke Smeding (Wytmarsum, 6 febrewaris 1889Lunteren, 6 desimber 1967) wie in Nederlânsk lânboukundich yngenieur en amtlik bestjoerder fan Frysk komôf.

Sikke Smeding

Sikke Smeding wie in soan fan Dooitze Smeding, amtner fan de boargerlike stân, en Geertje Bangma. Yn 1918 boaske er oan Anna Catharina de Veer. It pear krige ien soan en in dochter.

Hy gie nei de HBS yn Ljouwert en de Lânbou-universiteit Wageningen te Wageningen, dêr't er yn 1914 ôfstudearre. Hy spile in wichtige rol by de tarieding en útfiering fan it drûchlizzen fan de Sudersee. Fan 1935 oant 1954 wie er haad fan de Direksje fan de Wieringermar, de tsjinst dy't de Iselmarpolders ynrjochtsje en yn kultuer bringe moast. De Direksje fan de Wieringermar wie de foarrinner fan de Rykstsjinst foar de Iselmarpolders.
Fan 1942 oant 1954 wie Smeding ek lândrost fan it Openbaar Lichaam De Noordoostelijke Polder. Letter wied er boargemaster fan 'e gemeente Wieringermar.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: