Sikorsky Ilya Moeromets

Sikorsky Ylja Moeromets


Rol Passazjiersfleantuch, swiere bommesmiter
Makker Russo Balt
Untwerper Igor Sikorsky (haadyngenieur)
Earste flecht Desimber 1913
Yn tsjinst 1913
Ut tsjinst 1922?23
Tal makke 85+ (1913-1917)
Brûkers Keizerlik Ruslân, Sowjet-Uny, Poalen, Ukraïne
Untwikkele út Sikorsky Russky Vityaz

De Sikorsky Ilya Muromets (Russysk: Сикорский Илья Муромец) (Sikorsky S-22, S-23, S-24, S-25, S-26 en S-27) wiene in klasse Russyske grutte ferkearsfleantugen en swiere bommesmiters mei fjouwer motors fan foar de Earste Wrâldoarloch dy't yn dy oarloch ynset waarden troch it Russyske keizerryk.[1] de searje wie neamd nei Ilya Moeromets, in held út de Slavyske mytology.[2] en basearre op de Russky Vityaz of Le Grand, it earste fleantúch mei fjouwer motors yn de wrâld, ûntwurpen troch Igor Sikorsky.[3] De Ilya Moeromets wie yn 1913 in revolúsjonêr ûntwerp, ornearre foar kommersjeel gebrûk mei syn romme romp dy't plak hie foar in passazjiersferbliuw, sliepgelegenheid en in waskgelegenheid, allegear ferwaarme en mei elektrysk ljocht. [4] Under de Earste Wrâldoarloch wie it de earste bommesmiter mei fjouwer motor dêr't in spesjale strategyske bombardearienheid mei útrist waard.[5] Dizze swiere bommesmiter hie syn gelikense net yn de iere stadia fan de oarloch, mei't de Sintrale mogendheden earst folle letter tastellen krigen dy't it opnimme koene tsjin de Ylja Moeromets.[6] De Zeppelin-Staaken R.VI fan 1916-17 wie de iennichste fan alle Dútske Riesenflugzeug-ûntwerpen dêr't in beskieden 18 fan produsearre waarden ûnder de Earste Wrâldoarloch.

Russky Vityaz
Replika Sikorsky S-22 Ilya Moeromets yn it Monino Loftmachtmuseum, Moskou

Mei dit type fleantúch waarden ferskate rekords brutsen yn kategoryen lykas draachfermogen, tal passazjiers, fleanôfstân en fleanhichte.

Gegevens militêre ferzjes Ilja Moeromets

bewurkje seksje
Ilja Moeromets IM-B IM-V IM-G-1 IM-D-1 IM-E-1
Fleantúchtype bommesmiter
Untwerper Fleantúchôfdieling fan it Russysk-Baltyske spoarweifabryk
Yn tsjinst fan Russyske Keizerlike Loftmacht
Produksjejier 1913—1914 1914—1915 1915—1917 1915—1917 1916—1918
Langte (m) 19 17,5 17,1 15,5 18,2
Spanwiidte boppefleugels (m) 30,9 29,8 30,9 24,9 31,1
Spanwiidte ûnderfleugels (m) 21,0
Fleugeloerflak (m²) 150 125 148 132 200
Fleantúchgewicht sûnder lading (kg) 3100 3500 3800 3150 4800
Gewicht mei lading (kg) 4600 5000 5400 4400 7500
Fleantiid (oere) 5 4,5 4 4 4,4
Fleanhichte (m) 3000 3500 3000 ? 2000
Stiichfaasje (m/s) 2000/30' 2000/20' 2000/18' ? 2000/25'
Maks. faasje (km/o) 105 120 135 120 130
Motors 4 motoren
«Argus»
140 pk
(linemotor)
4 motoren
«Russo-Baltique»
150 pk
(linemotor)
4 motoren
«Sunbeam»
160 pk
(linemotor)
4 motoren
«Sunbeam»
150 pk
(linemotor)
4 motoren
«Renault»
220 pk

(linemotor)
Totale produksje 7 30 ? 3 ?
Bemanning 5 5—6 5—7 5—7 6—8
Bewapening 2x mitrailleur
350 kg bommen
4x mitrailleur
417 kg bom
6x mitrailleur
500 kg bom
4x mitrailleur
400 kg bom
5—8x mitrailleur oant 1500 kg bommen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Woodman, Harry. "Ilya Moeromets." Airfix Magazine, maaie 1985, d. 352.
  2. Lake 2002, s. 31.
  3. Sikorsky 1938, s. 95.
  4. Sikorsky 1938, s. 96.
  5. Massenkov et al. 1994, s. 23.
  6. Mackworth-Praed 1996, p. 202.