Silwa (folút: Silwa Filmvertrieb GmbH) is in Dútske pornografyske filmstudio dy't fêstige is yn Essen, yn 'e dielsteat Noardrynlân-Westfalen, en dy't ek op beskate oare mêden aktyf is. It bedriuw waard oprjochte yn 1972, en stapte al ier, oan it begjin fan 'e jierren tachtich, oer fan wiere film op fideo. Ek by de oerstap fan VHS-fideobannen nei dvd's en cd-roms wie Silwa yn 'e Jeropeeske pornoyndustry ien fan 'e pioniers. Behalven pornografyske films jout Silwa ek pornoblêden út. Sa naam it mids jierren njoggentich de measte papierrene publikaasjes oer fan 'e Deenske Color Climax Corporation, lykas Color Climax en Rodox, dy't it ûnder deselde titels fuortsette. Hjoed de dei is Silwa de grutste produsint fan pornografy yn it Dútske taalgebiet, en ien fan 'e grutsten fan Jeropa.

Silwa GmbH
algemien
nasjonaliteit Dútsk
type privaat
sektor pornografyske filmstudio
haadkertier Essen (Dútslân)
oprjochte 1972
dochters Videorama
Puaka GmbH
Silwa Film B.V.
offisjele webside
www.silwa.de

Dochterûndernimmings

bewurkje seksje

Silwa hat in stikmannich ymprints en dochterûndernimmings, dy't (foar in part) operearje as (semy-)selsstannige bedriuwen.

  • E.A.T. Medien GmbH: bestiet sûnt 1994 en is spesjalisearre yn "erotic business solutions";
  • Videorama GmbH: waard yn 1983 troch Silwa oernommen en is ien fan 'e wichtichste en grutste pornografyske filmstudio's fan Dútslân en Jeropa;
  • Puaka GmbH: in lytsere pornografyske filmstudio dy't krektlyk troch Silwa oernommen is;
  • Deutsche-Geld-Systeme GmbH (DGS): in ûndernimming dy't him dwaande hâldt mei saken op it mêd fan 'e e-commerce;
  • Silwa Film B.V.: in Nederlânske dochterûndernimming, fêstige yn Amsterdam, dy't û.m. de distribúsje fan Silwa-publikaasjes yn Nederlân yn 'e hannen hat;
  • Happy Weekend: de útjouwerij fan ien fan 'e meast foaroansteande Jeropeeske seksueel tinte kontaktblêden (mei deselde namme).

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: