Simeon- en Annatsjerke (Sint-Petersburch)

De Tsjerke fan 'e Rjochtfeardige Simeon en de Profetes Anna (Russysk: церковь святых и праведных Симеона Богоприимца и Анны Пророчицы) is in Russysk-otterdoks tsjerkegebou yn 'e Russyske stêd Sint-Petersburch. It is ien fan 'e âldste tsjerken yn Sint-Petersburch.

Simeon- en Annatsjerke
Lokaasje
lân Ruslân
plak Sint-Petersburch
adres Моchоvaja Ul., 48
koördinaten 59° 56' N 30° 20' E
Arsjitektuer
arsjitekt Michail G. Semtsov
boujier 1728-1734
monumintale status Monumint fan federaal belang
monumintnûmer 781520354970006
Webside
www.kirasir.ru
Kaart
Simeon- en Annatsjerke (Sint-Petersburch-Sintrum)
Simeon- en Annatsjerke
 
De tsjerke yn 'e jierren 1860.

De tsjerke waard yn 'e jierren 1731-1734 tichteby de rivier de Fontanka yn opdracht fan Anna Ivanovna boud. De haadarsjitekt wie de ferneamde Russyske arsjitekt Michail Zemtsov. De tsjerke waard yn 'e styl fan Peter de Grutte boud, de saneamde petrine barok, op it plak fan in houten oan 'e aartsingel Michael wijde tsjerke, dy't dêr sûnt 1714 stie. De spits fan 'e 47 meter hege klokketoer wie in ûntwerp fan 'e Nederlanner Harmen van Bol'es. Op 27 jannewaris 1734 koe de trijeskippige Simeon- en Annatsjerke ynwijd wurde.

It haadalter waard oan Simeon en Anna wijd, de sydalters oan 'e aartsingel Michael en de hillige Efrem.

Oant 1802 wie de tsjerke in hôftsjerke. Yn 'e jierren 1869-1872 waard de tsjerke fergrutte en renovearre ûnder lieding fan arsjitekt G.I. Winterhalter. Oan de tsjerke wie in sikehûs en in weeshûs ferbûn.

Yn jannewaris 1938 waard de tsjerke sletten. It meubilêr en it besit waarden plondere en it gebou yn gebrûk nommen as pakhûs. Nei de oarloch folge yn 'e jierren 1951-1954 in restauraasje en yn 'e jierren 1980 wie yn 'e tsjerke in meteorologysk museum ûnderbrocht.

Yn 1991 waard de tsjerke oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke werom jûn. Op 1 jannewaris 1995 waard de tsjerke op 'e nij ynwijd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Иулиана Тарсийского (Пушкин)