Simon Abbes Gabbema
Simon Abbes Gabbema (Ljouwert, 1628 - dêre, 1688) wie in skied- en letterkundige.

Simon Abbes Gabbema troch Arnoud van Halen
Nei syn stúdzje oan Nederlânske universiteiten, mear letteren as rjochten, wekte hy grutte ferwachtings. Sa waard er yn 1659 histoarjeskriuwer fan Fryslân. Gabbema samle net allinnich wurk mar joech it ek út, bygelyks brieven fan Viglius oan Hopperus.
Hy hie belangstelling foar it Frysk en stimulearre Gysbert Japicx.
WurkBewurkje
- Verhaal van de stad Leeuwarden (1703)
- Leevensbeschrijvingen van Sint Willebrord, Sint Bonifaas, Sint Aalberyk (1703)
- Nederlandse watervloeden (1703)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|