Sineeske Muorre
De Sineeske Muorre is in searje stiennen en ierden bouwurken fan sa'n 6.400 km lang yn Sina dy sûnt de 5e iuw f.Kr. oant de 16e iuw boud, op 'e nij boud, ferstevige en ûnderhâlden is. De Sineeske muorre, ek wol de Grutte Muorre, is it langste troch minskehannen makke bouwurk fan 'e wrâld. De muorre wie bedoeld om yn de tiid fan de Sineeske dynastyen de noardlike grinzen fan it Sineeske Ryk te beskermjen.
Sichtberens
bewurkje seksjeYn tsjinstelling ta wat in protte minsken leauwe is de Sineeske muorre net fan de Moanne ôf te sjen. De Sineeske muorre is wol fan út de romte te sjen as je folle tichter by binne. Fan op in ôfstân fan sa'n 500 km is de muorre noch krekt te sjen, mar dan moatte je wol witte wêr't je sjen moatte. De reden dat de muorre sa min sichtber is, is dat de muorre net mear as 9,1 m breed is. It is krekt sa as mei in hier: hy kin noch sa lang wêze, as er net breed genôch is dan sjochst him net.
Skiednis
bewurkje seksjeDe ierste dielen fan 'e Sineeske Muorren datearren fan 'e 7e iuw f.Kr.. It bekendste part waard fan goed 200 f.Kr. ôf fan ierde út de grûn stampt troch de Sineeske Qin-dynasty. Dy dynasty is nei keizer Qin Shi Huang ferneamd, de earste keizer dy't hiel Sina yn 221 f.Kr. byinoar ferovere.
De Sineeske Muorre waard boud as ferdigeningswurk tsjin fijânlike nomadenstammen dy't Sina fan it noarden út besochten binnen te komen. De earste bouwsels bestienen út ierden en liemen ferhegingen, dy't letter stadichoan ferfongen wurde soene mei stien en der waarden wachttuorren boud. Mear as in heal miljoen arbeiders hawwe oan de muorre wurken. In ferhaal giet de rûnte dat foar eltse meter in man stoarn is. Under de Tang-dynasty rekke de muorre yn ferfal, mar ûnder de Ming-dynasty (1368 - 1644) waard de muorre fernijd en langer makke. Yn dy tiid waarden losse stikken muorre mei inoar ferbûn oant it mânske bouwurk as wy hjoed de dei it kinne.
Mear as in miljoen minsken hawwe ea de muorre bewaakt. Hja wiene festige yn goed 1000 forten en útsjochtuorren. As de fijânlike legers tichterby kamen, waard in mingsel fan hout, strie en dong yn 'e fik stutsen. Ién tsjokke rookwolk betjutte 500 soldaten, fjouwer rookwolken 10.000 fijanlike soldaten. Hûnderd jier letter wienen de Hunnen hieltyd noch net ferslein. De Ming hawwe wiidweidich kriich fieren tsjin de Mongoalen en Mantsjoes, dy't fan de Hunnen ôfstamje. Lang om let waard de muorre klear en luts it keizerrijk har efter de muorre tebek, it oare lân bûten de muorre waard frijlitten oan de nomaden.