Sinnewyn
Mei de sinnewyn wurdt de stream fan ladene dieltsjes dy't fan de sinne komme bedoelt. De sinnewyn bestiet foar in grut part út ioanen en elektroanen.
It plasma yn de sinnekorona is miljoenen graden hyt, wêrtroch it plasma him hieltyd hurder bewege kin en loskomt fan de sinne. Boppe it oerflak fan de sinne krije de elektroanen fûle faasje (tûnenen km/s). Dêrtroch kinne se harsels losmeitsje fan de swiertekrêft fan de sinne, en posityf ladene ioannen meinimme yn de ynterplanetêre romte.
It magneetfjild fan de ierde (magnetosfear) jout de planeet beskerming tsjin de sinnewyn. Inkeld by de poalen kin de sinnewyn troch dat beskermingsfjild komme, wêrtroch it poalljocht ûntstean kin.