Sint-Annatsjerke (Jerevan)

De Sint-Annatsjerke (Armeensk: Սուրբ Աննա Եկեղեցի; Surb Anna Yekeghets'i) is in Armeensk-apostoalysk tsjerkegebou yn it distrikt Kentron fan 'e Armeenske haadstêd Jerevan. De yn 2015 iepene tsjerke stiet by de 13e iuwske Katoghike-tsjerke.

Sint-Annatsjerke
Սուրբ Աննա Եկեղեցի
Lokaasje
lân flagge fan Armeenje Armeenje
plak Jerevan
adres Abovyan strj., Kentron Distrikt
koördinaten 40°11'NB, 44°31'EL
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Armeensk-Apostoalyske Tsjerke
Arsjitektuer
arsjitekt Vahagn Movsisjan
boujier 2011-2014
Kaart
Sint-Annatsjerke (Jerevan)
Sint-Annatsjerke
 
De residinsje fan de katolikos

Op 4 july 2009 waard ûnder lieding fan katolikos Karekin II de grûn wijd foar de bou fan 'e Sint-Annatsjerke en in oanbuorjend kompleks, dat tsjinje moat foar de residinsje fan 'e katolikos yn Jerevan. De plechtichheid waard bywenne troch presidint Serzj Sarkisjan en tal fan oare pommeranten. Oanwêzich wiene ek Hirair Hovnanian en syn frou Anna, Amearikanen fan Armeenske komôf dy't de bou fan 'e tsjerke mooglik makken.

De bou fan 'e tsjerke sette yn 2011 útein en waard foltôge yn 2014. Op 30 april 2015 waard de tsjerke konsekrearre troch katolikos Karekin II.

It ûntwerp foar de tsjerke is fan 'e arsjitekt Vahagn Movsisjan. Westlik fan 'e tsjerke stiet de residinsje fan 'e katolikos.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Saint Anna Church, Yerevan