Sint-Antoniuskleaster (Waldsolms)

It Koptysk-Otterdokse Kleaster fan de hillige Antonius is in kleaster fan de Koptysk-Otterdokse Tsjerke yn 'e gemeente Waldsolms yn de Dútske dielsteat Hessen. It is it religieuze sintrum fan de koptyske mienskip yn it Dútsktalige gebiet. It is sûnt Pinkster 2010 it earste offisjeel troch paus Schenouda III erkende koptysk-otterdokse kleaster op it Europeeske fêstelân.

Sint-Antoniuskleaster
Lokaasje
lân Dútslân
regio Hessen
lânkring Lahn-Dill-Kreis
plak Waldsolms-Kröffelbach
koördinaten 50° 26' N 8° 27' E
Kleastergegevens
denominaasje Koptysk-Otterdokse Tsjerke
Ynformaasje bou
boujier 1988-1990
Webside
Side optysk-Otterdokse Kleaster fan de hillige Antonius
Kaart
Sint-Antoniuskleaster (Hessen)
Sint-Antoniuskleaster

It Sint-Antoniuskleaster is it wichtichste koptyske kleaster fan Dútslân. It waard ferneamd nei Antonius de Grutte of Antonius fan Egypte, de grûnlizzer fan it kleasterlibben.

 
Ynterieur boppetsjerke

Yn 1980 kochten Kopten yn Dútslân in stik lân fan twa hektare grut mei twa âlde gebouwen yn it Solmsbachtal oan. It koptyske kleaster Baramous yn Wadi El-Natrun (Egypte) stjoerde de earste muontsen nei Kröffelbach en op 7 april 1980 folge de earste liturgyfiering yn in provisoarysk ynrjochte romte. Op 9 maart 1988 folge it lizzen fan de earste stien foar de nije tsjerke, dy't yn novimber 1990 troch paus Schenouda III en tsien biskoppen ynwijd waard.

Op it kleasterterrein stiet de earste yn koptyske styl boude tsjerke fan Europa. De romme tsjerke fertsjintwurdiget de koptyske arsjitektuer as in tsjerke mei in koepel en in frijsteande klokketoer en is ferdield yn in boppe- en ûndertsjerke. De tsjerke waard troch Egyptyske keunsters mei moderne ikoanen en fresko's fersierd.

It kleaster is in hûs fan gebet en meditaasje en in ûnderkommen foar muontsen en gasten, dy't treast en rêst sykje. Ek kristenen fan oare tsjerkmienskippen witte harren paad te finen nei it kleaster.

Fanút it kleaster wurdt de sielssoarch oan de kopten yn it Dútsktalige gebiet koördinearre. Tagelyk wol it kleaster de religieuze ûnderbouwing fan de kopten fersoargje. Sa wurde de skriften fan de koptyske pausen ferspraat en útjûn en organisearret it kleaster foarmingsgearkomsten.

It Sint-Antoniuskleaster leit yn de gemeente Waldsoms tusken de bergen en bosken fan it Taunusberchte, krekt bûten it doarp Kröffelbach. It leit likernôch 15 kilometer fan Wetzlar, 25 km fan Giessen en 60 km fan Frankfurt am Main.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Quellen, op dizze side.