Sint-Fransiskustsjerke (Frjentsjer)
De Sint-Fransiskustsjerke (Nederlânsk en offisjeel: Sint-Franciscuskerk) is in roomsk tsjerkegebou yn 'e Fryske stêd Frjentsjer. De tsjerke falt ûnder de Hillige Jakobusparochy yn it bisdom Grins-Ljouwert.
Sint-Fransiskustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Frjentsjer | |
adres | Godsikker 13 | |
koördinaten | 53° 11' N 5° 32' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Grins-Ljouwert | |
patroanhillige | Fransiskus fan Assisi | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Herman van Wissen | |
boujier | 1963 | |
Webside | ||
Hillige Jakobusparochy | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe Fransiskusparochy yn Frjentsjer waard yn 1637 oprjochte troch de Fransiskanen (minderbruorren), folgelingen fan Fransiskus fan Assisi.
Yn 1865 waard oan 'e Godsikker, yn 'e Frjentsjerter binnenstêd, de earste Sint-Fransiskustsjerke boud. Dat wie in hege neogoatyske krústsjerke fan 'e arsjitekt Carl Weber (1820-1908). De tsjerke waard yn 1963 fanwegen brekfalligens ôfbrutsen en ferfongen troch it hjoeddeistige gebou, dat nei in ûntwerp fan arsjitekt Herman van Wissen boud waard.
De Sint-Fransiskusparochy fusearre mei oare parochy's út de omkriten ta de Hillige Jakobusparochy.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe Sint-Fransiskustsjerke hat in modern uterlik, mei in lege, fjouwerkantige klokketoer mei twa klokken deryn dy't fan bûtenôf sichtber binne.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel datearret fan 1888 en waard boud troch Adema mei gebrûk fan âlder piipwurk. De Sint-Fransiskustsjerke hie foarhinne ek in koaroargel út 1977, dat makke wie troch Flentrop, en ôfkomstich wie út 'e Grutte Tsjerke fan Harns.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|