Sint-Gregoarius de Ferljochtertsjerke (Jerevan)
De Sint-Gregoarius de Ferljochtertsjerke (Armeensk: Սուրբ Գրիգոր Լուսավորիչ եկեղեցի, Surb Grigor) wie in tsjerkegebou yn it distrikt Kentron (sintrum) fan 'e Armeenske haadstêd Jerevan. De tsjerke waard om ûnbekende redenen mei tuskenskoften boud tusken 1869 en 1900 en yn opdracht fan 'e Sovjet-autoriteiten yn 1939 ôfbrutsen. It gebou wie wijd oan 'e stifter fan de Armeenske tsjerke, Gregoarius de Ferljochter.
Gregoarius de Ferljochtertsjerke Սուրբ Գրիգոր Լուսավորիչ եկեղեցի | ||
Lokaasje | ||
lân | Armeenje | |
plak | Jerevan | |
adres | distrikt Kentron, op it plak fan de hjoeddeiske Yeghishe Charents-skoalle | |
koördinaten | 40°10'NB, 44°30'EL | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1869-1900 | |
sloopjier | 1939 | |
Kaart | ||
Op it plak fan 'e tsjerke stiet hjoeddedei oan 'e Amiryan-strjitte de nei de yn 'e tiid fan 'e Grutte Suvering fermoarde Armeenske dichter Yeghishe Charents ferneamde skoalle.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tsjerke fan Sint-Gregoarius de Ferljochter, Jerevan fan Wikimedia Commons. |