Sint-Jehanneskatedraal (Nikosia)
De Katedraal fan Sint-Jehannes de Teolooch (Gryksk: Καθεδρικός Ναός Αγίου Ιωάννη, Agios Ioannis) yn Nikosia is de haadtsjerke fan 'e Tsjerke fan Syprus.
Sint-Jehannes-katedraal Καθεδρικός Ναός Αγίου Ιωάννη | ||
Lokaasje | ||
lân | Syprus | |
plak | Nikosia | |
koördinaten | 35° 10 'NB, 33° 22 'EL | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Jehannes de Teolooch | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1662-1674 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe hjoeddeiske tsjerke stiet op it plak fan it Benediktynske kleaster fan Sint-Jehannes de Teolooch. Unbekend is wannear't dat kleaster stifte waard, mar de âldste histoaryske boarne is in dokumint út 1345. Neffens guon waard it kleaster troch it Hûs fan Lusignan stifte, mar oaren tinke dat it kleaster troch Syrysk-otterdoksen stifte waard, dy't sûnt de 9e iuw troch de islamityske ekspânsje ferhûzen nei Syprus, folge troch gruttere oantallen doe't Syprus in krúsfarderssteat waard.
Mei't de Mammelukken it eilân in soad ynfoelen, ferlieten de Benediktinen it eilân yn 1426. It kleaster gie doe yn 'e hannen fan 'e otterdoksen oer, mar bleau oan 'e selde patroanhillige wijd. Oan 'e ein fan 'e Frankyske en Fenesiaanske tiid bloeide it kleaster, oant der yn 'e 17e iuw in ein oan it monastike libben kaam.
Aartsbiskop Nikiforos ferboude de tsjerke yn 'e 17e iuw. Foar de werbou waarden dielen fan 'e âlde fûneminten op 'e nij brûkt. Boppe de westlike tagong fan 'e tsjerke waard in moarmeren plakette oanbrocht mei de datum fan 30 april 1662 doe't mei de werbou útein set waard.
Alhoewol't de eksakte datum fan 'e foltôging ûnbekend is, wurdt oannommen dat tusken 1662 en 1674 in ein oan it wurk kaam. Nei it wer opbouwen waard de tsjerke yn 1720 de sit fan 'e aartsbiskop fan Syprus. Yn 'e tsjerke wurde de nije aartsbiskoppen fan Syprus troand.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|