Sint-Joariskleaster (Homs)

It Deir Mar Georges (Arabysk: دير مار جرجس) of Sint-Joariskleaster is in antiochysk-otterdoksk kleaster yn it doarp Humaira by Marmarita, in plak yn de provinsje Homs, fiif kilometer noardwestlik fan it kastiel Krak des Chevaliers yn Syrje. It kleaster falt ûnder it gryksk-otterdokske Patriarchaat fan Antiochje.

Deir Mar Georges

دير مار جرجس

bouwurk
lokaasje
lân Syrje
Provinsje Homs
plak Humaira
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster

It kleaster stiet yn de saneamde "Delling fan de Kristenen" (Wadi al-Nasara / وادي النصارى) en leit oan de romeinske wei fan Tripoly nei Homs. It is sûnt de 6e iuw in regionaal sintrum fan de gryksk-otterdokske tsjerke. Fan de 32 doarpen yn de delling binne tsjintwurdich 27 noch kristklik. Fan de oare fiif doarpen wurde hjoed-de-dei fjouwer foar it measte bewenne troch Alaviten en ien, it doarp al-Hisn, is soennitysk woarn.

Neffens de oerlevering soe it kleaster yn de 6e iuw toch Justinianus I stifte wêze, mar histoaryske boarnen binne der net. De Perzyske moslim at-Tabarī (839–923) makke foar it earst melding fan it kleaster.

By de moderne tsjerke giet it om in weropbou út 1857. Yn it kleaster binne lykwols in soad âldere saken bewarre bleaun dy't yn it kleaster útstald wurde. De yngong giet troch in trijefâldige bôge mei twa sintrale pylders fan byzantynske komôf. In âlde grutte stien mei religieuze foarstellings is yn de súdlike poarte fan it kleaster te sjen. De houten ikonostase yn de tsjerke is fersierd mei prachtich fykwurk en foarmet in keunstwurk fan grutte wearde. De ikonanen stellen ferskillende foarstellings út it libben fan Jezus foar.

Under de binnenhôf fan it kleaster is in âldere, 13e-iuwske kapel mei in lytsere ikonostase dy't teminsten trije iuwen âld is. De ikoanen fan dy ikonostase stelle sênes út it libben fan de hillige Joaris foar, in populêre hillige fan it easterske kristendom. Op dat legere nivo is ek in tagong dy't nei alle gedachten de tagong wie fan it oarspronklike 6e-iuwske kleaster.

It Joariskleaster besit noch in soad âlde foarwerpen, lykas krusen, manuskripten, boeken, fykwurk, tsjelken, ensafuorthinne. Ek wurdt dêr in manuskript bewarre fan de kalyf Umar ibn al-Khattab, in ferhanneling oer de relaasje tusken moslims en kristenen.

It kleaster wurdt it meast besocht troch pylgers op de feesten fan Sint-Joaris (6 maaie) en de Krúsferheffing (14 septimber).

Boargerkriich

bewurkje seksje

De Syryske Boargerkriich brocht it Joariskleaster yn grut gefaar. Yn augustus 2013 waard it troch islamityske ekstremisten oanfallen. Frijwillers fan de militêre takke fan de Koerdyske PKK wisten de oanfal op it kleaster mei súkses te ferdigenjen. By de ferdigening ferlearen alve kristlike soldaten it libben, mar de ekstremisten waarden twongen harren werom te lûken yn it gebiet om it Krak de Chevalliers hinne en slaggen der net yn om it kleaster te ûntwijen.

Yn de Goede Wike fan 2014 waard in skoalle by it kleaster rekke troch in mortieroanfal. By de oanfal waarden ferskate bern deade en ferwûne.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: