De Sint-Karelsmûne is in wynmûne oan de Debarkestrjitte yn it doarp De Moeren, dat heart ta de West-Flaamske gemeente Veurne, Belgje.

Sint-Karelsmûne
mûne / mole
lokaasje
lân flagge fan Belgje Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
plak De Moeren
adres Debarkestrjitte
koördinaten 51° 02' N 2° 38.8' E
bysûnderheden
type mûne grûnsiler
funksje poldermûne
oarspr. gebrûk 51°02'59.0"N 2°36'38.8"E
boujier 1850
oare ynformaasje
monumintale status beskerme monumint
monumintnûmer 16945
Kaart
Sint-Karelsmûne (West-Flaanderen)
Sint-Karelsmûne

De funksje fan de rûne stiennen mûne wie it bemeallen fan polder De Moeren.

Mei ear as 20 wynmûnen waard yn de 17e iuw it polderlânskip fan De Moeren droechlein. Fan dy mûnen bleau gjin ien oer. De hjoeddeiske Sint-Karelsmûne waard tusken 1814 en 1820 boud en yn 1850 op 'e nij boud. Oarspronklik hie de mûne de namme De Schelde.

De mûne waard yn 1930 renovearre en yn 1934 krigen de roeden it Dekker-systeem. De houten fizel waard yn 1939 ferfongen troch in fizel fan metaal. Yn 1943 waard de mûne erkend as monumint.

In diselgemaal ferfong yn 1967 de wynkrêft en letter kaam der in elektrysk gemaal.

De mûne is yn de jierren 2014-2018 restaurearre en mealree makke. It is de iennige wurkjende fizelmûne fan Belgje.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Sint-Karelsmolen