Sint-Michaeltsjerke (Fulda)

De Sint-Michaeltsjerke (Dútsk: Michaelskirche) is in tsjerkegebou yn 'e Dútske stêd Fulda. De Karolingyske tsjerke waard tusken 820 en 822 yn opdracht fan abt Eigil boud en wurdt yn Dútslân as de âldste replika fan 'e Hillich Grêftsjerke fan it lân beskôge. Fanwegen de âlderdom en de arsjitektoanyske bysûnderheden heart de Fuldaër Michaeltsjerke yn alle gefallen ta de belangrykste midsiuwske tsjerkegebouwen fan it lân.

Sint-Michaeltsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Hessen
plak Fulda
adres Michaelsberg
koördinaten 50° 33' N 9° 40' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Fulda
patroanhillige Michael
Arsjitektuer
boujier 820-822
Kaart
Sint-Michaeltsjerke (Hessen)
Sint-Michaeltsjerke

Nei alle gedachten wie de muonts Racholf († 824) de arsjitekt. Op 15 jannewaris 822 wijde aartsbiskop Haistulf de tsjerke oan 'e aartsingel Michael. De tsjerke tsjinne as begraafplak fan it yn 744 stifte kleaster fan Fulda, ien fan 'e grutste kulturele en wittenskiplike sintra fan it lân yn 'e iere midsiuwen. Ek abt Eigil waard dêr begroeven.

Ynterieur.

Fan 'e oarspronklike bou binne de rotunde en de krypt bewarre bleaun. Yn 'e 10e en 11e iuw waard de tsjerke nei grutskalige fernielings by nei alle gedachten in Hongaarske ynfal grutter makke. De rotonde waard yn in krúsfoarm ferboud en de tsjerke krige in westlike toer.

Yn'e twadde helte fan 'e 12e iuw krige de toe in ferdjipping foar de klokken en yn 1618 waard de toer boppe de rotonde ferhege en mei in kegelfoarmige spits bekroand. Yn 'e jierren 1715-1716 waard oan 'e noardlike kant fan 'e tsjerke de Rochuskapel tafoege. De muorrefresko's fan it ynterieur binne 11e-iuwsk. De tsjerke waard yn 1853 restaurearre.

Tusken 1935 en 1938 waard de tsjerke foar it earst wittenskiplik ûndersocht en by de restauraasje waard de tsjerke doe yn 'e romaanske foarmen werom brocht. De tsjerke waard op 11 septimber 1944 troch in bombardemint skansearre, mar nei de kriich oant 1948 wer restaurearre.

De Sint-Michaëlkerk stiet noard fan 'e dom fan Fulda.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Salvator Mundi