Sint-Nikolaastsjerke (Brussel)

De Sint-Nikolaastsjerke (Frânsk: Église Saint-Nicolas, Nederlânsk: Sint-Niklaaskerk) is in roomsk-katolike tsjerke yn it sintrum fan 'e Belgyske haadstêd Brussel.

Sint-Nikolaastsjerke
Lokaasje
lân Belgje
plak Brussel
adres Boterstraat, 1000 Brussel
koördinaten 50° 50' N 4° 21' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk Katolike Tsjerke
aartsbisdom Mechelen-Brussel
patroanhillige Nikolaas fan Myra
Arsjitektuer
boujier 12e, 17e en 1956
boustyl gotyk
monumintnûmer Side parochy
Kaart
Sint-Nikolaastsjerke (Brusselsk Haadstedsk Gewest)
Sint-Nikolaastsjerke

De Nikolaastsjerke giet werom op in yn 'e 12e iuw oan 'e hillige Nikolaas fan Myra wijde stifting fan Brusselske keaplju. Al rillegau waard de oarspronklike kapel fergrutte ta in echte tsjerke en in iuw letter waard njonken de tsjerke útein set mei de bou fan in grutte toer. Yn 1367 stoarte dy toer by in fûle stoarm foar in part yn. De romaanske ûnderbou bleau lykwols bestean en it stedsbestjoer liet op dy ûnderbou in nije toer bouwe, dy't healwei de 17e iuw nochris ferhege waard mei in ferdjipping en mei in karriljon fan 38 klokken útrist waard.

 
De klokketoer.

By de Frânske bombardeminten op 13, 14 en 15 augustus 1695, wêrtroch in grut part fan 'e binnenstêd oan pún sketten waard, rekke ek de Sint-Nikolaastsjerke slim skeind. De toer fette fjoer en stoarte foar in twadde kear yn. Ut dy dagen stamt in ynmitsele kanonskûgel yn ien fan 'e pylders yn it middenskip. It sintrum fan Brussel waard fuort dêrnei wer opboud en sa ek de Sint-Nikolaastsjerke. De toer dy't doe wer opboud waard stoarte yn 1714, in jier nei de foltôging, foar de tredde kear yn, nei alle gedachten fanwegen it gewicht fan 'e klokken, en waard dêrnei net wer opboud.

Yn it ramt fan 'e Frânske Revolúsje waard de tsjerke yn 1779 foar de earetsjinst sletten en dêrnei ferkocht. De tsjerke soe sloopt wurde, mar katolike ynwenners kochten de tsjerke werom en yn 1804 waarden de doarren wer iepene foar de earetsjinst.

Yn 'e jierren 1950 folge de bou fan in nije westlike gevel. Ut dy tiid datearret ek it grutte finster fan Marije-Himelfeart fan Guy Chabrol. De tsjerke waard tusken 2002 en 2006 folslein restaurearre.

Yn 'e Nikolaastsjerke wurde de reliken bewarre fan 'e martlers fan Gorkum, dy't in lytse tweintich jier nei de moard yn Brielle yn 1572 troch twa Fransiskanen opgroeven waarden en nei de Súdlike Nederlannen oerbrocht waarden. De neogoatyske skryn fan 'e martlers waard makke troch de Dútske smid Franz Xavier Hellner (1819-1901).

It neamen wurdich is ek it skilderij fan 'e "Jongfaam mei it sliepende Bern', dat oan Pieter Paul Rubens of oan ien fan syn learlingen taskreaun wurdt. Fierder hingje der yn 'e tsjerke wurken fan Joseph Stallaert (1825-1903), Willem Herreyns (1743-1827) en Jan fan Orley (1665-1735).

De koerstuollen út 1381 binne dekorearre mei medaillons, dy't ferhelje oer it libben fan 'e patroanhillige fan de tsjerke.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: