Sint-Pantaléontsjerke (Sjevtjenkove)
De Sint-Pantaléontsjerke (Oekraynsk: Церква святого Пантелеймона ) is in gryksk-katolyk tsjerkegebou yn it Oekraynske doarp Sjevtjenkove yn it rajon Halytsj. De tsjerke stiet likernôch 28 kilometer noardlik fan de stêd Ivano-Frankivsk en is in monumint fan nasjonale betsjutting. De tsjerke is it iennige bewarre tsjerkegebou fan it âlde foarstendom Galysje-Wolynje en is de âldste tsjerke fan West-Oekraïne.[1][2].
Sint-Pantaléontsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Oekraïne | |
oblast | Ivano-Frankivsk | |
plak | Sjevtjenkove | |
koördinaten | 49° 08' N 24° 41' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Oekraynske Gryksk-Katolike Tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1194; rekonstruksje 20e iuw | |
Webside | ||
Side fan de katedraal | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn 1194 yn opdracht fan grutfoarst Roman Mstislavitsj boud as in otterdokse tsjerke op it plak, dêr't eartiids it âlde Halytsj lei. De tsjerke waard ferneamd nei de hillige Pantaléon, ta oantinken fan syn pake, grutfoarst Izjaslav II fan Kiëv, dy't as kristlike namme Pantaléon hie. Doe't Halytsj yn 'e twadde helte fan de 13e iuw de status fan haadstêd ferlear rekke de tsjerke yn it neigean. Likernôch in iuw letter waard de tsjerke yn gebrûk nommen troch katoliken, dy't de tsjerke wijden oan Sint-Stanislaus. Yn 1575 plonderen de Tataren de tsjerke, dy't dêrnei leech bleau. Dat bleau sa oant de oerdracht fan 'e tsjerke oan 'e Fransiskanen yn 1595, dy't it gebou ferbouden yn in barokke basilyk. By de tsjerke waard in kleaster boud mei in defensive ôffreding. Tagelyk krige de tsjerke in frijsteande klokketoer.
Yn 1676 brochten de Turken yn harren opmars nei Halyts skea oan 'e tsjerke. In brân yn 1802 en besjittings yn de Earste Wrâldkriich brochten ek grutte skea oan 'e tsjerke. De tsjerke bleau nei de kriich foar in lange tiid leech stean.
De restauraasje yn 1926 brocht de tsjerke hast werom yn it oarspronklike oansjen. Yn 'e tsjerke waard it pleister fan 'e muorren ferwidere en waarden der spoaren fan fresko's en ynskripsjes op 'e stiennen ûntdutsen.
Yn 1998 waard de tsjerke wer yn gebrûk nommen troch de Gryksk-Katolike Tsjerke.
Arsjitektuer
bewurkje seksjeDe tsjerke is in krúsfoarmich gebou fan wite stien en hat ien sintrale koepel. It westlik portaal is ryk oan dekoraasjes en hat oan wjerskanten twa pylders mei kapitelen. Dat portaal springt nei foarren ta en toant oerienkomsten mei de portalen fan romaanske tsjerken yn West-Europa. It súdlike portaal is ienfâldiger en minder dekorearre.
Yn 1909 waarden by in ûndersyk oan 'e tsjerke op 'e gevels in soad ynskripsjes út de 13e oant 17e iuw oantroffen. Ien ynskripsje neamde it jiertal 1194, dat tsjutte op 'e bou fan 'e tsjerke. De ynskripsje stiet op in stien yn 'e súdlike gevel fan 'e tsjerke by de tredde pilaster op in hichte fan 1,5 meter fan 'e grûn. It ynskrift is mei in skerp ding yn 'e stien skrast en jout ynformaasje oer de bou en opdrachtjouwer.
De frijsteande klokketoer foarme eartiids diel fan 'e westlike ferdigeningsflank fan it bastion, dat om it doedestiidske kleaster rûn. De ûnderste ferdjipping tsjinne as poarte en it boppediel as war- en klokketoer. It fûnemint fan 'e toer stiet op grutte úthoude blokken, dy't nei alle gedachten oerbleaune by it feroarjen fan 'e oarspronklike tsjerke yn in basilyk.
-
Ynskripsje
-
Westlik portaal
-
Klokketoer
-
Panorama
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|