Sint-Petrustsjerke (Kapernaüm)

De Sint-Petrustsjerke (Hebriuwsk: כנסיית בית פטרוס‎; ek de Pylgerstsjerke fan Sint-Petrus) is in moderne katolike pylgerstsjerke op de argeologyske lokaasje fan Kapernaüm yn Noard-Israel. De tsjerke makket diel út fan it Fransiskaanske kleaster yn Kapernaüm en waard wijd oan de apostel Petrus, neffens katoliken de earste paus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke.

Sint-Petrustsjerke

כנסיית בית פטרוס

bouwurk
lokaasje
lân Israel
plak Kapernaüm
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1990
arsjitekt Ildo Avetta

By de argeologyske opgravings op dizze lokaasje waard ek noch in laag ruïnes ûntdutsen, dêr't yn de earste helte fan de earste iuw in tsjerke op boud wie. Dy wurdt beskôge as it earste tsjerkegebou fan 'e wrâld en mooglik wie it it hûs fan de apostel Petrus. Yn de 5e iuw waard in achthoekige tsjerke op it plak boud, dêr't de fûneminten fan yn it midden fan it ynterieur te sjen binne.

Ynterieur

Oer de oerbliuwsels fan dy âlde tsjerken waard yn 1990 in moderne pylgerstsjerke boud, dy't tagelyk as beskermkap tsjinnet foar de ruïnes. Lykas de 5e-iuwske tsjerke hat de tsjintwurdige tsjerke in achthoekich grûnplan. Om de argeologyske omjouwing net te oerhearskjen is de hichte fan de tsjerke beheind bleaun. De steunbearen yn it ienfâldige ynterieur binne dekorearre mei acht houten reliëfs fan foarstellings út it evangeelje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Church of the Primacy of Saint Peter De Petrustsjerke op Bible Walks