Sint-Sarkiskatedraal (Jerevan)
De Sint-Sarkiskatedraal (Armeensk: Սուրբ Սարգիս Մայր Եկեղեցի; Surp Sarkis Mayr Yekeghetsi) is in katedraal yn 'e Armeenske haadstêd Jerevan. It is de haadsit fan it Patriarchale Bisdom fan Ararat fan 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke. De katedraal stiet oan 'e lofterkant fan 'e rivier Hrazdan yn it distrikt Kentron (sintrum).
Sint-Sarkiskatedraal Սուրբ Սարգիս Մայր Եկեղեցի | ||
Lokaasje | ||
lân | Armeenje | |
plak | Jerevan | |
adres | 21 Israeljan strj., distrikt Kentron | |
koördinaten | 40°10'N 44°30'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Armeensk-Apostoalyske Tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Rafael Israeljan (renovaasje) | |
boujier | 1835-1842 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeFoar it doarp Dzoragyugh en it âlde fort fan Jerevan oer stie sûnt it begjin fan it kerstenjen fan it lân op 'e lofter kant fan 'e Hrazdan in hearremitekleaster. It gyng om in grut kompleks, mei in hege fersterke muorre der om hinne dat û.o. bestie út de tsjerken fan Sint-Sarkis, Gevork en Hakob, gebouwen foar de patriarchale skoalle en tsjinsten, oare gebouwen en in hôf mei fruitbeammen. De Sint-Sarkistsjerke wie de katedraal fan 'e patriarch, wylst yn it kleaster de gasten fan 'e patriarch waarden ûnderbrocht. De tsjerke en it kleaster waarden by de grutte ierdskodding fan 1679 ferneatige en op itselde plak ûnder de katolikos Edesatsi Nahabet (1691–1705) wer opboud.
It hjoeddeiske gebou giet werom op nijbou yn 'e jierren 1835-1842. De tsjerke waard ûnder katolikos Vasgen I yn 1972 neffens in ûntwerp fan 'e arsjitekt Rafael Israeljan renovearre en ferboud. De gevel waard beklaaid mei stiennen fan oranjekleurige Ani-dowestien en fan trijehoekige gevels foarsjoen. Nei de dea fan Israeljan op 8 septimber 1973 naam Ardzroun Galikian it wurk oer en ûnder syn lieding waard oant 1976 ek it ynterieur ferboud. Foar it tsjerkekoar waard yn it eastlike diel in galerij ynboud. De âlde koepel waard ferfongen troch in folle hegere toer mei in fâlddak. De tsjerke waard op 3 novimber 1976 op 'e nij plechtich ynwijd.
Yn 2000 waard in nije klokketoer tafoege.
De ferbouwing fan 'e katedraal wie mooglik troch in rynske donaasje fan 'e yn Londen wenjende Armeenjer Sarkis Kurkjian en syn soannen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Saint Sarkis Cathedral, Yerevan
|