Antonius (hillige)

(Trochferwiisd fan Sint Anthonius)

Sint Antonius (Gryksk: Ἀβᾶς Ἀντώνιος, Abba Antonius) (Heracleopolis Magna (Egypte), 251Colzimberg (Egypte), 356) is in kristlike hillige, dy 't bekend stiet as de heit fan it kleasterlibben. Syn nammedei is 17 jannewaris.

Sint Antonius mei rinstôk, belle en baarch
De man mei de anjer, skilderij fan Jan van Eyck uit 1423. De ôfbylde man draacht de Oarder fan Sint-Antonius mei krús en klokje

As begoedige jonge man hie hy al syn besittings oan de earmen jûn en luts him doe as klûzener werom yn de woastyn. Hy wurdt dêrom beskôge as de grûnlizzer fan it kleasterlibben en wurdt ek fereare as hoeder en noeder fan earmen en siken. Yn de twadde helte fan de 14e iuw, nei de pestperioade, waarden op in soad plakken yn tsjerken en kapellen alters oan dizze hillige wijd. Tagelyk waarden der Antoniusgilden oprjochte nei foarbyld fan de mienskippen fan likebruorren dy't al ûntsteane nei 1095 op inisjatyf fan in Frânske ridder Gaston Didier de la Motte. Dizze gilden of bruorskippen, dêr't grif trije fan yn Fryslân histoarysk oanwiisber binne, joegen help en stipe oan siken en earmen. Boppedat ferlienden se ûnderdak oan earme reizgers.

De attributen dêr't de Hillige Antonius mei ôfbylde waard binne meastentiids in belle, in baarch, in boek en in steunstôk of in belle, faak oan syn stêf fêstmakke. Mooglik waard er oanroppen tsjin feesykten. De Sint-Antoniusbargen dy't eartiids frij yn de stêden frij omrûnen hienen in belle om de nekke. De Sint-Antoniushearen of Sint-Antoniusbruorren hawwe ek in soad sikehûzen stifte.

Hjir leit ek de oarsprong fan de Fryske gilden, ûnder oaren yn Starum (gildehoarn fan 1397), Boalsert, Aldeboarn en Ljouwert. It Sint Antonygasthûs yn Ljouwert hie in soad besittings (gasthûsplakken mei bytiden in belle yn de gevelstien). Yn it earstoan wie it in earme- en sikehûs (sjoch:beier), mar ek al gau proveniers- of kostkeapershûs.

It Antoniuskrús of Tau is in ûnderskiedingsteken fan de Oarder fan Sint Antonius, in krús yn T-foarm mei dêroan in saneamd Antoniusklokje, om de hals droegen oan in koarde of keatling. Hy wie ûnder oaren ek de patroan fan bargehoeders en slachters, wevers, sûkerbakkers, kuormakkers, begraffenisûndernimmers, sekkedragers, bargen en hûsdieren. Fierder patroan tsjin de pest, sykten, Sint-Antoniusfjoer (of ergotisme in sykte feroarsake troch breake, Claviceps purpurea) en feesykten. Yn de folksmûle waard er ek wol Antonius-mei-de-baarch neamd. Tusken 1347 en 1351 wie mear as in treddepart fan de Europeeske befolking stoarn oan de gefolgen fan in lang oanhâldende pestepidemy. It gefolch wie dat rûnom in soad earme en ferroaide oerlibbenen en wezen omswalken om earne oars harren heil te sykjen. Dreaun troch alle ellinde dy't de pest feroarsake hie, beaen de minsken om help oan de Hillige Sint Antonius fan Egypte.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: