Sintrale Burgum
De Sintrale Burgum is in elektrisiteitssintrale by Burgum, dy't iepene waard yn 1975. De sintrale hat twee ierdgasstookte kombi-ienheden (in kombinaasje fan in gasturbine en stoomturbine) mei elk in fermogen fan 332 MW. Eigener fan de sintrale is GDF Suez, it eardere Electrabel. De oarspronklike eigener wie it PEB Fryslân, letter EPON. Kuolwetter hellet de sintrale út de neistlizzende Burgumer Mar.
De sintrale is in pyksintrale, dy't oanset wurdt yn tiden fan pykfraach yn de elektrisiteit.