Francis Drake

(Trochferwiisd fan Sir Francis Drake)

Sir Francis Drake, (Tavistock (Devon), Ingelân), ± 1540 - Portobelo (Panama), 28 jannewaris 1596), wie in Ingelsk seefarder.

Francis Drake (Henry Bone)

Drake wie de twadde seefarder dy't tusken 1577 en 1580 om de ierde sylde. De earste seeman dy't soks die wie de Portegeeske seefarder Fernão de Magãlhaes ± 1520.

Francis Drake en Walter Raleigh brûkten piraterij as middel om de skatten fan de Spanjerts en Portegezen yn hannen te krijen. Dy seelju oerfoelen tsientallen skippen en nommen alles fan wearde yn beslach: goud, kakao, jirpels en tomaten. Yn it thúslân waarden de piraten as helden ûntfongen.

Drake farde yn opdracht fan keninginne Elisabeth I tsjin de Spanjerts. Yn 1585 en 1586 plondere Francis Drake de Spaanske besittings op de Kaapverdyske Eilannen en West-Ynje. In jier letter ferbaarnde hy in diel fan de Spaanske fleat yn Cadiz. Yn 1588 wie Drake as fice-admiraal belutsen by de ferneatiging fan de Spaanske Armada foar de kust fan de Grevelingen.

Francis Drake brocht de jirpel nei Europa en makke de Europeanen ek bekend mei it smoken fan tabak. Meidat er in soad feroveringstochten makke, en troch syn súksessen yn oarlochsfiering op see wie Francis Drake fan grut belang foar Ingelân as grûnlizzer fan de Britske wrâldhearskippij. Dêrfoar waard er 1580 adele. Drake stoar yn jannewaris 1596 oan dysentery, nei in mislearre oanfal op San Juan, Puerto Riko.

Drake's Island is nei Francis Drake neamd, it eilân dat it begjin- en einpunt wie fan syn reis om de wrâld. It leit yn de Plymouth Sound, de natuerlike haven fan de Ingelske stêd Plymouth.

Keppeling om utens

bewurkje seksje