Sjoerd Leikerpriis

De Sjoerd Leikerpriis wie yn 1992 ynsteld troch Kommerijn Gerrittine Leiker-Kooijmans (Den Haach, 31 jannewaris 1915 - Bilthoven, 24 juny 2008), de widdo fan de skriuwer Sjoerd Leiker.

De priis, in jildbedrach, waard ien kear yn de trije jier útrikt oan auteurs fan fyftich jier of âlder. Op 3 septimber 2004 waard de lêste priis útrikt en hefte de stichting dy't de priis takende himsels op meidat der net genôch belangstelling út de literêre wrâld foar wie.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kroniek van Hoorn, 2004