Sjoerd Span
Sjoerd Span (Koarnjum, 14 juny 1915 - dêre, 19 april 2001) wie boer en oprjochter fan it fierljeppen yn wedstriidferbân yn Fryslân.
Mei Lykle Miedema fan Winsum sette Span tusken 1956/1959 it wedstriidljeppen op. Sa ûntstie 1960 it Frysk Ljeppers Boun (FLB). Span wie foarsitter fan de FLK en FLB fan 1957 oant 1975, dêrnei noch oant 1981 algemien bestjoerslid fan it FLB. Boppedat wie er jierrenlang foarsitter fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) fan 1949-1975. Fierders in FNP-foaroanman, steatelid yn it provinsjaal bestjoer fan Fryslan 1974-1975 foar de FNP. Ek hat er noch bestjoerslid west fan natoerbeskermingsorganisaasje It Fryske Gea.
Under syn lieding groeide it Bûn fan Fryske Fûgelwachten yn de fyftiger jierren út ta in troch de massa droegen beweging, mei “fûgelwachten” op hast alle Fryske doarpen. Mei troch him waard fierljeppen fan folkloare in sport. It fierljeppen is ûntstien fanút de BFVW, op 27 april 1957 joech de Algemiene Gearkomst yn de Harmonie yn Ljouwert it griene ljocht foar de earste wedstriidljepperij op 10 augustus 1957 yn Winsum. De earste wedstriid wie fuortendaliks in grut súkses en der kamen tûzenen minsken te sjen. Sjoerd Span wie de heit fan Roel Bokke Span, de legindaryske fierljepper, dy't yn de jierren sechtich acht kear Frysk Kampioen en ien kear Nederlânsk Kampioen (1972) waard.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|