Sjoukjemuoisgat is in mar mei in soad reiden yn de gemeente Kollumerlân. De mar leit benoarden Kollum by Kollumerâldsyl oan de Sylster Ryd.

De namme Sjoukjemuoisgat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Sjoukje-meus-gat.