Skûltsjerke

(Trochferwiisd fan Skûltsjerken)

In skûltsjerke is in tsjerkegebou dat oan de bûtenkant net as sadanich te werkennen is.

Mennistetsjerke (Penjum)

Skûltsjerken ûnstiene nei't de skerpste kantsjes fan de reformaasje der wat ôf gie en wiene yn de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen fan tapassing op ferskillende denominaasjes, lykas katoliken, lutheranen, de sûnt 1618 útsletten remonstranten, mennisten en sûnt 1723 ek âld-katoliken. Yn dy tiid wiene allinne de tsjerken fan de lear fan de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke offisjeel tastien. Minsken fan oare tsjerklike rjochtings mochten yn 'e regel ûnder betingsten gearkomme, mar harren gebouwen moasten ûnopfallend wêze, mochten net it oansjen fan in tsjerke ha en likemin oerlêst jaan. Om't de katolike skûltsjerken yn in missygebiet leine sûnder tsjerklike hiërargy, waarden de katolike skûltsjerken ek wol staasjes neamd.

Faak stiene skûltsjerken net oan de strjitte, mar wiene se efter of tusken oare gebouwen boud. Oare skûltsjerken wiene yn gewoane hûzen ûnderbrocht. Fan bûten wiene de katolike skûltsjerken ienfâldich, mar binne koe der sprake wêze fan in tige rike ynrjochting. Op it plattelân wiene de skûltsjerken fakentiden net mear as in skuorre en leine se bûten de kom.

Mei de Frânske tiid kaam der in ein oan de dominânsje fan de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke en de efterstelling fan oare tsjerklike rjochtings. De Nederdútske Grifformearde Tsjerke krige yn 1816 fan kening Willem I in nij reglemint en de namme Nederlânsk Herfoarme Tsjerke, mar it duorre noch oant 1848 doe't mei Thorbecke's grûnwet alle godstsinsten sels kedize koene oer de bou fan harren tsjerken. Sûnt dy tiid bouden de katoliken hin soad nije monumintale neogoatyske tsjerken. De mennisten bleaune faker yn harren âlde tsjerken.