Skanderborg (gemeente)
Skanderborg is in gemeente yn de regio Midden-Jutlân (Deensk: Midjylland) yn Denemark. De gemeente ûntstie mei de gemeentlike weryndieling troch de gearfoeging fan de âlde gemeente Skanderborg mei de gemeentes Galten, Hørning en Ry en dielen fan de parochy Voerladegård.
Skanderborg | |
---|---|
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Denemark |
regio | Midjylland |
boargemaster | Jørgen Gaarde |
sifers en geografy | |
haadplak | Skanderborg |
grutste plak | Skanderborg |
ynwennertal | 61.158 (2018) |
oerflak | 429,17 km² |
skiednis | |
oprjochte | 2007 |
oar | |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.skanderborg.dk |
Geografy
bewurkje seksjeDe Møllehøj is mei 170,86 boppe seenivo it heechste natuerlike punt fan Denemark. De Møllehøj is 51 sintimeter heger as de 200 meter eastliker lizzende Ejer Bavnehøj (170,35 meter boppe seenivo). De Yding Skovhøj, súdwestlik fan Skanderborg, is offisjeel it heechste punt fan Denemark mar dat is ynklusyf in ûnnatuerlike grêfhichte út de brûnstiid. Sûnder de grêfheuvel is de Yding Skovhøj 170,77 meter boppe seenivo, dus krekt wat leger as de Møllehøj. De Himmelbjerget (Himelberch) leit yn it westlike diel fan de gemeente.
Plakken
bewurkje seksjeDe grutste plakken fan de gemeente[1] | ||||
Nr | Plaknamme | Ynwenners (2011) | ||
---|---|---|---|---|
1 | Skanderborg | 18.253 | ||
2 | Galten | 7.874 | ||
3 | Hørning | 7.028 | ||
4 | Ry | 5.553 | ||
5 | Låsby | 1.861 | ||
6 | Gammel Rye | 1.317 | ||
7 | Virring | 938 | ||
8 | Stjær | 936 | ||
9 | Tebstrup | 666 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|