Skandinavysk model

It Skandinavysk model (ek Sweedsk model of Noardsk model) ferwiist nei de ekonomyske en sosjale modellen fan de Skandinavyske lannen Denemarken, Iislân, Noarwegen, Sweden en Finlân. Tusken de Skandinavyske lannen binne der dúdlike ferskillen wat it model oangiet, spesifike komponinten of foarskriften hat it model net. Oerienkomsten binne it ferbetterjen fan de yndividuele autonomy en de universele tapassing fan fûnemintele minskerjochten. De oerheid sjocht de ekonomy as syn direkte ferantwurdlikheid en wol dêr ek ynfloed op hawwe. De oerheid besiket ek de partisipaasje oan de arbeidsmerk te fergrutsjen en de lykberjochting tusken man en frou te fersterkjen. By it Skandinavysk model jout de oerheid yn ferhâlding in protte jild út oan de publike sektor mei as ien fan de wichtichste doelen sosjale sekerheid. Dêrtroch binne de belestingen yn dy lannen ek in stik heger.