Skandinavyske Priis fan de Sweedske Akademy
De Skandinavyske Priis fan de Sweedske Akademy (Sweedsk: Svenska Akademiens Nordiska Pris) is in tige prestizjeuze Sweedske literatuerpriis dy't op jierlikse basis takend wurdt troch de Sweedske Akademy, it wichtichste ynstitút oangeande de Sweedske taal. Dizze priis waard yn 1986 ynsteld en wurdt útrikt oan in persoan út ien fan 'e Skandinavyske lannen dy't him/har bûtengewoan fertsjinstlik makke hat op in mêd dat ûnder it wurkterrein fan 'e Akademy falt. De Skandinavyske Priis wurdt wol de "Lytse Nobelpriis" neamd, om't de Sweedske Akademy ek de Nobelpriis foar de Literatuer útrikt. Oan dizze priis is in jildbedrach fan 350.000 Sweedske kroanen ferbûn.
Svenska Akademiens Nordiska Pris | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Sweedsk | |
útrikt foar | literatuer | |
útrikt troch | Sweedske Akademy | |
frekwinsje | 1x jiers | |
plak | Stokholm (Sweden) | |
ynsteld | 1986 | |
offisjele webside | ||
www.svenskaakademien.se/... |
Winners
bewurkje seksjeOant en mei 2015 wie de Skandinavyske Priis fan de Sweedske Akademy 30 kear útrikt, wêrfan 9 kear oan in Sweed; 7 kear oan in Deen; 5 kear elk oan in Noar en in Fin; 3 kear oan in Iislanner en 1 kear oan in Fêreuster.
- 1986 – Villy Sørensen (Denemark)
- 1987 – William Heinesen (de Fêreu-eilannen)
- 1988 – Nils Erik Enkvist (Finlân)
- 1989 – Rolf Jacobsen (Noarwegen)
- 1990 – Henrik Nordbrandt (Denemark)
- 1991 – Tomas Tranströmer (Sweden)
- 1992 – Thor Vilhjálmsson (Iislân)
- 1993 – Paavo Haavikko (Finlân)
- 1994 – Inger Christensen (Denemark)
- 1995 – Lars Ahlin (Sweden)
- 1996 – Arne Næss (Noarwegen)
- 1997 – Bo Carpelan (Finlân)
- 1998 – Lars Forssell (Sweden)
- 1999 – Klaus Rifbjerg (Denemark)
- 2000 – Lars Huldén (Finlân)
- 2001 – Willy Kyrklund (Sweden)
- 2002 – Torben Brostrøm (Denemark)
- 2003 – Lars Norén (Sweden)
- 2004 – Guðbergur Bergsson (Iislân)
- 2005 – Göran Sonnevi (Sweden)
- 2006 – Pia Tafdrup (Denemark)
- 2007 – Jon Fosse (Noarwegen)
- 2008 – Sven-Eric Liedman (Sweden)
- 2009 – Kjell Askildsen (Noarwegen)
- 2010 – P.O. Enquist (Sweden)
- 2011 – Ernst Håkon Jahr (Noarwegen)
- 2012 – Einar Már Guðmundsson (Iislân)
- 2013 – Sofi Oksanen (Finlân)
- 2014 – Lars Gustafsson (Sweden)
- 2015 – Thomas Bredsdorff (Denemark)
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |