Skarl (sylboat)
Skarl is in ienfâldige polyester sylboat. Se binne oant de jierren 80 makke troch Elahuizen B.V..
Der binne twa types: de Skarl 685 en de Skarl 645. De namme wurdt folge troch de lingte fan it sylskipke. De measten binne 6,85 meter lang en likernôch 2 meter breed. It is in kylboat dy't sa'n 75 sentimeter djip stekt, mei in toptúch mei 17 m² seil. Skarls wurde meast brûkt as deisylboat en waarden earder krekt as de Falk wol geregeld oanbean foar dei-ferhier. Troch in dekseil te brûken kinne der lykwols ek oant 4 persoanen op sliepe.