Skiednis fan de Noardlike Marianen

De Skiednis fan de Noardlike Marianen omfiemet de skiednis fan de Tsjamorro, de ûntdekkingsreizgers en it útlânsk bewâld.

Kaart fan de Noardlike Marianen.

Iere skiednis

bewurkje seksje

Op de eilannen binne fynsten dien dy’t oanwizings jouwe dat der al sûnt 1500 foar Kristus bewenning west hat troch de Tsjamorro. De Tsjamorro foarmje ek tsjintwurdich noch de befolking fan de Noardlike Marianen. It is in folk dat besibbe is mei oare Austronesyske ynlânske folken fan de Filipinen, Yndoneezje, Maleizje en Taiwan. Nei alle gedachten kamen de Tsjamorro nei Mikroneezje fan Yndoneezje, omdat se as ienichste folk fan Mikroneezje rys ferbouden. [1] De mienskip fan de Tsjamorro bestie út twa (haad)kasten, dat bleaun sa oant mear as in iuw nei de komst fan de Spanjerts yn 1521. Neffens Charles Le Gobien wienen der rasjale ferskillen tusken de Manachang kaste en de hegere Gamory/Gamurre. De Gamory wienen wer ferdield yn in hegere middenklasse Achotil/Acha’ot en de heechste klasse, de Matua/Matao. Klimme en sakje op de sosjale ljedder koe al tusken de Achotil en de Matua, mar de Manachang wienen sa berne foar it libben.[2] De Matua en de Achotil bestienen benammen út fiskers en skippers en de Manachang wienen benammen boeren. Dizze lêste groep hie gjin eigen besit, mar se wienen ek net slaven.[3]

Jeropeeske ûntdekkingsreizen

bewurkje seksje

De earste Jeropeeske ûntdekkingsreis yn it gebiet stie ûnder lieding fan Ferdinand Magellaan yn 1521. Hy gie op 6 maart 1521 oan lân by Gûam en waard opwachte troch de Tsjamorro. Dizzen beaen him farsk fiedsel oan wêrnei't de befolking fan it eilân harren in lytse boat fan Magellaans fleat taeigenen. Dit late ta in kulturele botsing, omdat de Tsjamorro net tochten yn termen as priveebesit, se krigen bygelyks in boat as der fiske wurde moast, sûnder dat soks sjoen waard as stellerij. Troch dit kulturele misbegryp waarden likernôch seis minsken fermoarde troch de Spanjerts en waard in doarp fan 40 hûzen plat baarnd foardat se de boat werom hienen. Hjirop krigen de eilannen de namme “Islas de los Ladrones”, of wol “dieve-eilannen” yn it Spaansk. Magellaan easke de eilannen op foar Spanje wêrtroch't de eilannen ûnder it bewâld kamen fan de Spaanske East Ynjes, se waarden bestjoerd fan de Filipinen ôf. De Spanjerts bouden in keninklik paleis op Gûam foar de gûverneur fan de eilannen. Noch hieltyd binne oerbliuwsels fan it gebou te sjen.

Gûam wie in wichtige tuskenstop foar skippen dy’t fan Meksiko kamen mei goud en oar guod foar de Filipinen en Spanje. Der lizze ferskate Spaanske skippen foar de kust fan Gûam.

Yn 1668 waarden de eilannen werneamd troch Padre Diego Luis de San Vitores, de nije namme waard “Las Marianas”, neamd nei Mariana fan Eastenryk, widdo fan de Spaanske kening Filip IV fan Spanje. [4]

Doe’t Magellaan yn 1521 oan lân kaam op Gûam wennen der nei alle gedachten sa’n 75.000 minsken. By de earste offisjele folkstelling fan 1710 wienen dat der noch mar 3.500. Dizze gigantyske fal yn ynwennertal hie te krijen mei sykten dy’t de Spanjerts meibrochten en troch de slave-arbeid.[5] Der waarden nije minsken nei de eilannen brocht, benammen fan de Filipinen en de Karoline Eilannen. Nettsjinsteande dizze ûntwikkeling koe de Tsjamorro populaasje harren wer herstelle en Tsjamorro, Filipynske en Karolinyske talen en etnyske ferskillen bestean ek hjoed de dei noch en binne dúdlik oanwêzich op de eilannen.

Om de kulturele en godstsjinstigge assimilaasje foar elkoar te krijen waarden de ynwenners fan de Marianen yn de jierren ’90 fan de 17e iuw konsintrearre op Gûam. Op it eilân Rota slaggen guon Tsjamorro der al yn út de hannen fan de Spanjerts te bliuwen, se flechten de heuvels yn. Hjirtroch hawwe de ynwenners fan Rota noch hieltyd it measte “Tsjamorro-bloed” troch de ieren streamen.[6] Om 1820 hinne kamen de ynwenners fan de Karoline Eilannen nei de Marianen, dêr’t se harren delsette mochten troch de Spanjerts. Doe’t paus Leo XIII yn 1885 Spanje’s soevereiniteit oer de Marianen ferklearre mochten de Tsjamorro wer werom nei harren eilannen.[7] Se krigen lânbougrûn, mar it bêste lân wie al troch de eardere ynwenners fan de Karoline Eilannen ynnaam. Tsjintwurdich wurde sawol Karoliners as de Tsjamorro sjoen as de ynlânske bewenners fan de Noardlike Marianen en beide talen binne offisjeel op de eilannen (net op Gûam).

Dútsk en Japansk bewâld

bewurkje seksje
 
In koloniale postsegel fan Dútslân út 1901.

Nei de Spaansk-Amerikaanske Kriich fan 1898 die Spanje it bewâld fan Gûam oer oan de Feriene Steaten en ferkochten se de Noardlike Marianen mei oare eilannen oan Dútslân. Dútslân bestjoerde de eilannen fan Dútsk Nij-Guinea út.

Yn de Earste Wrâldkriich brûkte Dútslân de eilannen as befoarriedingsbasis foar de marineskippen. Mar Japan ferklearre Dútslân de oarloch en foelen de Noardlike Marianen oan. It Folkebûn mandearre yn 1919 it gebiet oan Japan. Der libben doe noch mar 4.000 Tsjamorro en Karoliners op de eilannen. Yn de tiid fan it Japanske bewâld waard sûkerreid de haadyndustry fan de eilannen. Foar dizze yndustry waarden in soad beammen en bosken kapt. Der waarden plantaazjes op Saipan stifte dy’t in grut súkses wienen, wêrnei't ek op Tinian en Rota plantaazjes stifte waarden. Sûker en alkohol waarden wichtige eksportprodukten. Yn dy tiid kamen in soad Japanners en Koreanen nei de eilannen om te arbeidzjen op de plantaazjes. By de folkstelling fan desimber 1939 wie de totale populaasje fan it Japanske Súdseemandaat 129.104, dêr't 77.257 Japansk (ynklusyf Taiwaneesk en Koreaansk) fan wiene.

In dei nei de oanfal op Pearl Harbor, foelen de Japanners fan de Marianen út ek it Amearikaanske Gûam oan. De Tsjamorro fan de Noardlike Marianen, dy’t doe al twa desenniums ûnder it bewâld fan de Japanners stienen, waarden nei Gûam brocht om de Japanners dêr te helpen. Dit feit, yn kombinaasje mei de minne behanneling fan de Guamaanske Tsjamorro yn de tiid fan de 31 dagen duorjende besetting, soarge foar in breuk tusken de ynlânske folken fan Gûam oan de iene kant en de Noardlike Marianen oan de oare kant. It hat der ûnder oare ta laat dat de befolking fan Gûam yn de 60’er jierren yn in referindum tsjin ienwurding mei de Noardlike Marianen stimden.

Amearikaansk besit

bewurkje seksje
 
Kaart mei de militêre aksjes yn de Slach om Saipan.
 
Amerikaanske soldaten yn de striid om Tinian.

Oan de ein fan de Twadde Wrâldkriich, op 15 juny 1944, die it Amerikaanske leger in oanfal om de Marianen yn it besit te krijen. It begûn allegear mei in oanfal fan 127.000 soldaten, 600 skippen en 2.000 fleantugen op Saipan, [8] de slach soe letter ferneamd reitsje as de Slach om Saipan, dy’t einige op 9 july doe’t de Japanske befelhawwer seppuku (in rituele Japanske foarm foar selsmoard) die. Fan de 30.000 Japanske militêren dy’t Saipan ferdigene hienen, oerlibben minder as 1.000 de striid.[9] Dêrnei oermastere it Amerikaanske leger op 21 july ek Gûam en foelen Tinian oan op 24 july. Fan Tinian ôf waard fuort begong mei de bombardeminten op Japan. Hjir soe úteinlik ek it fleantúch opstige dy’t in jier letter de atoombom op Hiroshima smiten hat. Rota bleau bûten skot omdat it op militêr gebiet net belangryk wie, allinnich de fleanfjilden waarden bombardearre. It eilân waard isolearre en oernaam yn augustus 1945 doe’t de Japanners har oerjoegen.

De kriich einige net foar eltsenien mei it ûndertekenjen fan de wapenstilstân. De lêste groep Japanners op Saipan joech har pas op 1 desimber 1945 del. Op Gûam ferstoppe de Japanske soldaat Shoichi Yokoi him yn it doarp Talofof oant 1972.

Tusken de Japanske ynname fan Saipan en Tinian en de ein fan it Japanske bewâld oer de eilannen waarden de ynlânske bewenners yn konsintraasjekampen opsluten. Oan de ein fan de kriich waarden de Japanners weromroppen en krigen de Tsjamorro en de Karoliners harren lân werom.

Amearikaansk mienebest

bewurkje seksje

Nei de Japanske nederlaach waarden de eilannen bestjoerd troch de Feriene Steaten as ûnderdiel fan it Trustgebiet fan de Pasifyske Eilannen, dat de ferdigening en it bûtenlânske belied fan de eilannen waard in ferantwurdlikheid fan de Feriene Steaten. De ynwenners fan de Noardlike Marianen besletten yn 1970’er jierren net foar ûnôfhinklikheid te gean, mar ynstee dêrfan nauwere bannen mei de Feriene Steaten oan te gean. Underhannelings oer de territoriale status begûnen yn 1972. In oerienkomst om in mienebest yn in politike uny mei de Feriene Steaten waard goedkard yn 1975. In nije oerheid en grûnwet waarden ynsteld yn jannewaris 1978 wêrmei't it selsbestjoer fan de eilannen begûn. De Feriene Steaten bleaunen ferantwurdlik foar it bûtenlânske belied en de ferdigening. Sûnt de ûndertekening fan in nij Mienebest-oerienkomst binne de bewenners fan de Noardlike Marianen offisjeel steatsboargers fan de Feriene Steaten.

Lykas oare Amearikaanske territoariums hawwe de eilannen gjin ynbring yn de senaat fan de Feriene Steaten, mar wurde se fertsjintwurdige yn it Hûs fan Offurdigen fan de Feriene Steaten.

  • Joseph E. Hore (2003). The Right of Self-Government in the Commonwealth of the Northern Mariana Islands, in: Asian-Pacific Law & Policy Journal 4. Side 180–245.
  • Victoria King The Commonwealth of the Northern Mariana Islands’ Rights Under United States and International Law to Control its Exclusive Economic Zone, in: University of Hawaii Law Review 13. Side 477–504.
  • Howard P. Willens, Deanne C. Siemer (2002). An honorable accord: The covenant between the Northern Mariana Islands and the United States. Honolulu: University of Hawai'i Press.
  • Don A. Farrell, Phyllis Koontz (1991). History of the Northern Mariana Islands.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Noordelijke Marianen – Geschiedenis, Landenweb.nl (sjoen op 2 desimber 2009)
  2. Rogers, Robert F (1995). “Destiny's landfall: a history of Guam”. Side 36 (sjoen op 2 desimber 2009)
  3. Rogers, Robert F (1995). “Destiny's landfall: a history of Guam”. Side 36 (sjoen op 2 desimber 2009)
  4. Rogers, Robert F (1995). “Destiny's landfall: a history of Guam”. Side 36 (sjoen op 2 desimber 2009)
  5. Commonwealth of the Northern Mariana Islands - Histroy and ethnich relations, Everyculture.com (sjoen op 2 desimber 2009)
  6. Noordelijke Marianen – Geschiedenis, Landenweb.net (sjoen op 2 desimber 2009)
  7. Noordelijke Marianen - Geschiedenis, Landenweb.net (sjoen op 3 desimber 2009)
  8. Noordelijke Marianen – Geschiedenis, Landenweb.nl (sjoen op 2 desimber 2009)
  9. Battle of Saipan, HistoryNet.com (sjoen op 2 desimber 2009)