Skioto (rivier)
De Skioto is in rivier yn midden- en súd-Ohio, goed 372km lang.[1] De rivier ûntstiet yn Auglaize County yn west-sintraal Ohio, rint dan troch Kolumbus, dêr't syn grutste sydrivier, de Olentangy der by komt en mûnet yn de Ohio by Portsmouth. De rivier is te lyts foar moderne kommersjele skipfeart. Ekonomysk is de rivier fral fan belang foar rekreaasje en drinkwetterfoarsjenning.
Dammen en wetteropslach
bewurkje seksjeDer lizze twa grutten dammen yn de rivier. De Griggsdaam yn Kolumbus waard boud yn 1904-1908 om in wetterfoarried foar dy stêd te krijen. Fierder streamop, by Shawnee Hills, waard yn 1922-1925 de O'Shaughnessydaam oanlein sadat in grut wetterreservoir ûntstie dat doetiids wol "de moaiste ynlânske wetterwei fan de Feriene Steaten" neamd waard. Beide damen hat de stêd Kolumbus it behear oer.
-
De Skioto by Chillicothe
-
De Skioto yn Kolumbus
-
De Skioto ûnder South Bloomfield, Ohio
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |