It Skipperssankje is in gedicht fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en dichter Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858). It waard foar it earst publisearre yn 1829, as ûnderdiel fan 'e lytse ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar, dy't letter, yn 1871, mei it oare wurk fan 'e bruorren Halbertsma útgroeie soe ta de ferneamde samling Rimen en Teltsjes. It Skipperssankje is in smeekbea fan in skipper (ornaris opfet as rjochte oan syn faam) om him net te ferjitten, net yn goede, mar ek net yn minne tiden. It gedicht is letter op muzyk set en in folksferske wurden, dat opnommen waard yn 'e lietebondel Fryslân Sjongt (nû. 40 yn 'e útjefte fan 2000).

Skipperssankje
algemiene gegevens
auteur Eeltsje Hiddes Halbertsma
taal Frysk
foarm gedicht
1e publikaasje 1829, Dimter
oarspr. útjwr. fa. J. de Lange
bondel De Lapekoer fan Gabe Skroar
(no: Rimen en Teltsjes)
Skipperssankje
Ferjit my net as bolle wyntsjes waaie,
En ik oan 't roer myn sankje sjong;
As kroeze weagen 't glêde skip omaaie;
Ferjit my net.


Ferjit my net as millioenen stjerren,
En 't freonlik moantsje my beskynt;
En do swiet dreamd hast yn 'e sêfte fearren,
Ferjit my net.


Ferjit my net as wrede touwerfleagen
My slingerje dêr't God it wol,
As ik ompolskje mei de dea foar eagen;
Ferjit my net.
Ferjit my net as wreed de stoarmen bylje,
En 't libben hinget oan in tried;
As wy ferslein oan 't needtou ride en fylje;
Ferjit my net.


Ferjit my net as swarte tommelweagen
Oertrûzelje it warleas skip,
En alle eleminten tsjin ús teagen;
Ferjit my net.


Ferjit my net as w' einlings jit fersinke,
En teare yn 'e djippe see:
Wol dan mei triennen, triennen om my tinke;
Ferjit my net.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: