It skoarstienjild wie in belesting op skoarstiens, dat wol sizze op wenten mei in hurdstee. It wie in foarm fan fêstgoedbelesting.

Yn Fryslân wurdt al yn 1577 praat oer skoarstienjild, mar de stêden hienen dêr beswieren tsjin. De belesting is in skoft heft, mar waard rillegau ôfskaft.

Yn Fryslân gie it skoarstienjild yn 1637 op yn in nije belesting: de Fiif speesjen. Ek it haadjild, it hoarnjild, it hynstejild en it middel op de besiede lannen waarden yn de nije belesting ûnderbrocht.

Skoarstienjild waard ek yn de oare provinsjes fan Nederlân en yn oare Jeropeeske lannen heft. Yn guon lannen somtiids al iuwen earder, sa as it Byzantynske Ryk, 9e iuw; Frankryk, 14e iuw.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Schoorsteengeld.