Skylark Award
De Skylark Award, offisjeel de Edward E. Smith Memorial Award for Imaginative Fiction, is in priis dy't ienris yn it jier útrikt wurdt troch de New England Science Fiction Association (NESFA). De winner fan 'e priis is immen dy't nei miening fan 'e leden fan 'e NESFA in bydrage fan belang levere hat oan 'e literêre science fiction. De priis is ferneamd nei de auteur E.E. Smith, ien fan 'e grûnlizzers fan it science fiction-sjenre, en dy syn Skylark-rige.
Edward E. Smith Memorial Award for Imaginative Fiction (Skylark Award) | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | science fiction-literatuer | |
útrikt troch | NESFA | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | febrewaris | |
plak | Boston (Massachusetts) | |
ynsteld | 1966 | |
offisjele webside | ||
www.nesfa.org/awards/skylark.html/ |
De útrikking fan 'e Skylark Award, dy't foar it earst plakfûn yn 1966, wurdt ferrjochte op 'e jierlikse Boskone-konvinsje fan 'e NESFA, dy't yn febrewaris holden wurdt yn Boston. Allinne yn 1971 is de útrikking oergien. Under de skriuwers, útjouwers en oaren dy't de priis yn it ferline wûn hawwe, binne: Isaac Asimov (1967), Larry Niven (1973), Anne McCaffrey (1976), Andre Norton (1983), C.J. Cherryh (1988), Orson Scott Card (1992), Tom Doherty (1993), George R.R. Martin (2004), Terry Pratchett (2009) en Lois McMaster Bujold (2011).
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan 'e Skylark Award
- (in) Offisjele webside fan 'e NESFA
- (in) Offisjele webside fan 'e Boskone-konvinsje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |