Slach by Bargebur
De Slach by Bargebur hat west yn 1433 en gie tusken Fokko Ukena en de bruorren Ulrich en Edzard Sirksena. Yn de slach dy't plak fûn by Bargebur tichtby Norden yn Eastfryslân wurdt Fokko ferslein en komt foargoed in ein oan syn bewâld as machtichste haadling tusken Lauwers en Weser.
Eftergrûn
bewurkje seksjeOant 1430 wie Fokko Ukena oppermachtich yn de Fryske lannen. Hy hie syn grutste konkurrint Okko tom Brok útskeakele en hearske as in foarst. Lykwols keart it tij en ferskynt in oare haadlingefamylje mei in protte ynfloed op it toaniel, de Sirksena's. Dy famylje slute in ferbûn mei tsjinstanners fan Fokko en komme ek op foar de finzene Okko tom Brok. Fokko moat him werom lûke op syn sterke stins by Leer en dêr wurdt er yn 1431 troch in sterke striidmacht ynsletten. Syn soannen yn Eastfryslân kinne him gjin help biede, mar nachts slagget hy der wol yn om te ûntsnappen. Syn stins wurdt ferwoaste en oant de grûn ôfbrutsen.
Yn Eastfryslân stiet Fokko der min foar, as ek noch in protte fan syn ûnderdanen harren oanslute by de Sirksena's. Nettsjinsteande dizze tsjinslaggen besiket Fokko, fanút it Munsterske Sticht de tsjinstanners te bestriden. In tiidlang giet dat goed, mei help fan syn beide soannen en syn skoansoan Sibet Papinga ûndernimt Fokko gefaarlike strûptochten dy't him in protte bût opsmite en de bynamme 'fleanende' ruter. Mar dan sneuvelje yn 1433 syn beide soannen by de gefjochten mei tsjinstanners en wurdt Fokko stadichoan troch Ulrich en Edzard tebek dreaun.
De slach
bewurkje seksjeDe bruorren Sirksena setten in grut leger tsjin Ukko yn en by Bargebur wurdt Ukko ynsletten. Yn de slach by Bargebur moat Fokko belies jaan en rekket syn skoansoan Sibit slim ferwûne. Hy moat útwike nei Grinslân mei efterlitting fan alles wat er oan besittingen hat oan boargen en pleatsen yn Eastfryslân. De deadlik ferwûne Sibet Papinga stjert op syn state.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|