Slach by Beecher Island
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De Slach by Beecher Island, ek wol bekend as de Slach by Arikaree Fork, wie in wapene treffen tusken in ôfdieling blanke ferkenners fan it Amerikaanske Leger en in grutte troep Yndiaanske krigers yn it ramt fan 'e Komantsjekampanje. De fjildslach fûn fan 17 oant 25 septimber 1868 plak by Beecher Island, yn 'e rivier de Arikaree, yn it noardeastlike part fan 'e Amerikaanske steat Kolorado, net fier fan 'e grins mei Kansas, en deunby it hjoeddeistige plak Wray. De Amerikanen waarden op it eilantsje belegere troch Sjajinnen, Lakota en Arapaho, mar koene krekt op 'e tiid troch fersterkings ûntset wurde, sadat dizze krêftmjitting einige yn in Amerikaanske oerwinning. It eilantsje, eins net folle mear as in sânbank, krige pas letter de namme Beecher Island, mei't it ferneamd is nei luitenant Frederick H. Beecher, dy't yn dizze slach omkaam.
Foarskiednis
bewurkje seksjeBy oanhâldende oerfallen fan 'e Súdlike Sjajinnen en de Súdlike Arapaho op blanke delsettings yn Kolorado kamen yn 'e simmer fan 1868 79 kolonisten om. De Súdlike Sjajinnen en de Súdlike Arapaho waarden by dy oanfallen stipe troch harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen, de Noardlike Arapaho en de Lakota, en fan 'e Sjajinnen wiene benammen de militante Hûnskrigers derby aktyf. Generaal Philip Sheridan, de kommandant fan it militêre Departemint fan 'e Missoury, kaam troepen te koart om alle mooglike doelwiten te beskermjen, en joech dêrom syn adjudant, majoar George A. Forsyth, in feteraan út 'e Amerikaanske Boargeroarloch, befel om in ienheid fan behurde frontierslju gear te stallen, dy't as ferkenners ynset wurde koene tsjin 'e Yndianen. Forsyth keas behalven syn ûnderbefelhawwer, luitenant Frederik H. Beecher, sels 48 manskippen út yn Fort Harker en Fort Hays, en ried mei harren nei Fort Wallace, yn westlik Kansas, dêr't se yn 'e nacht fan 5 septimber oankamen sûnder ea in Yndiaan sjoen te hawwen.
De slach
bewurkje seksjeOp 'e moarn fan 10 septimber berikte it berjocht Fort Wallace dat der 21 km mear nei it westen ta in karafaan kapweinen oerfallen wie. Majoar Forsyth sette daliks ôf mei syn ferkenners, en folge it spoar fan 'e oerfallers werom nei wat no Yuma County is, yn Kolorado. Nettsjinsteande it feit dat de spoaren suggerearren dat de groep krigers dy't er efternei siet in flink stik machtiger wie as syn eigen ienheid, sette Forsyth de efterfolging fuort. Tsjin it fallen fan 'e nacht op 16 septimber berikten de ferkenners de "drûge ôftakking fan 'e rivier de Republican", dy't doe de Delaware Creek neamd waard (no de Arikaree), dêr't se har kamp opsloegen op 'e súdlike igge. Sûnder dat se it wisten wie dat net mear as 19 km streamôf fan in grut kamp besteande út twa Lakota-troepen, ien troep Sjajinske Hûnskrigers en ferskate Arapaho-tipys.
By moarnsdage op 17 septimber besochten de Yndianen, dy't har, oars as de Amerikanen, wol bewust wiene fan 'e oanwêzigens fan 'e fijân, en beslûp it kamp fan 'e ferkenners. Dy oanfal, dy't oanfierd waard troch de grutte Sjajinske kriger Kromme Noas, mislearre doe't ien fan 'e krigers opmurken waard troch in wachtpost. Fan 'e oantallen krigers dy't it tsjin 'e 50 ferkenners opnamen, binne útinoar rinnende skattings, fan 200, 600 en sels 1.000, al liket 600 oan 'e hege kant en 1.000 in oerdriuwing. Doe't Forsyth foar it ferstân krige dat syn kamp besingele wie, joech er syn mannen befel om harren hynders nei in mei gers begroeide sânbank (it lettere Beecher Island) yn 'e midden fan 'e ûndjippe rivier te lieden. De earste bestoarming fan 'e Yndianen koe weromslein wurde trochdat de ferkenners tarist wiene mei fluchfjurjende Spencer-repeteargewearen.
Doe't se begrepen dat in frontale bestoarming net wurkje soe, besochten de Yndianen ferskate oare taktiken. Earst diene se ferskillende flankearjende oanfallen op har hynders, dy't lykwols net folle úthellen. Dêrnei foelen se tagelyk fan beide kanten fan 'e rivier oan, mar de ferkenners deaden har eigen hynders en brûkten de kadavers as boarstwarring, wylst se dêrefter holten yn it mulle sân útdolden. Letter kroepen de krigers troch it lange gers en besochten op dy wize ûnopmurken deunby de ferkenners te kommen. De oanfallen fan dizze slûpskutters kosten ferskate Amerikanen it libben, wêrûnder luitenant Beecher, de soldaten George W. Culver en William Wilson en legerdokter J.H. Mooers. Majoar Forsyth sels rekke ferwûne oan 'e holle en briek syn boppeskonk troch in kûgelynslach. By in nije bestoarming fan 'e sânbank rekke de Yndiaanske foaroanman Kromme Noas deadlik ferwûne.
Foar moarnsdage op 18 septimber setten twa fan 'e ferkenners, Simpson "Jack" Stilwell en Pierre Trudeau, te foet ôf om help te sykjen. It earste ein kroepen se plat op 'e búk troch it gers en sadree't it ljocht waard, sochten se in sideplak. Se hiene inkeld hynstefleis om te iten, en doe't dat ferkeard waard, rekken se ek noch siik. Trudeau wie op 't lêst sa swak dat er net mear op eigen krêft stean koe. Twa nachten nei't Stilwell en Trudeau ôfset wiene, en yn ûnwissichheid oft dy wol foarby de Yndianen kommen wiene, stjoerde Forsyth nochris twa fan syn mannen derop út, John J. Donovan en Allison J. Pliley. Dy wisten Fort Wallace te berikken.
Dêrop waard luitenant-kolonel Louis H. Carpenter mei de Kompanjyen H en I fan it Amerikaanske 10e Kavaleryrezjimint (dat bestie út swarte buffalo soldiers) útstjoerd om Forsyth en syn mannen te rêden. Op 25 septimber berikten dy fersterkings Beecher Island, dêr't de Yndianen har weromloeken en har belegering ôfbrieken sadree't se berjocht krigen oer dat farske Amerikaanske troepen op kommendeweis wiene. Underwilens hiene Forsyth en syn mannen oerlibbe op rotsjend hynstefleis en drekkich rivierwetter. Carpenter liet mei-iens in kamp opsette om 'e ferkenners, fan wa't guon der min oan ta wiene, te fersoargjen. Stilwell en Trudeau waarden letter weromfûn en rêden it libben derôf.
Balâns en neisleep
bewurkje seksjeYn totaal sneuvelen yn 'e Slach by Beecher Island 6 Amerikanen, wylst 15 ferwûne rekken. De Yndianen hiene 9 oant 32 deaden en in ûnbekend tal ferwûnen te betreurjen. Neitiid krige de Slach by Beecher Island in beskate bekendheid om't de grutte Sjajinske kriger Kromme Noas der sneuvele wie. Hoewol't luitenant-kolonel George Armstrong Custer neitiid ferklearje soe dat dit treffen "de grutste fjildslach op 'e flakten" west hie, wie it eins mear in skermutseling as in fjildslach en fan gjin inkele duorjende wichtigens.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|