Slach by Doarestêd

Slach by Doarestêd
Part fan de Frysk-Frankyske oarloggen
datum: 690
plak: Doarestêd
útkomst: Oerwinning fan de Franken
konfliktpartijen
Friezen Franken
befelhawwers
kening Redbad hofmeier Pippyn II

De Slach by Doarestêd fûn plak yn 690 tusken de Friezen, ûnder lieding fan kening Redbad, en de Franken, ûnder lieding fan hofmeier Pippyn II. De Friezen waarden troch de Franken ferslein.

Likernôch tusken 650 en 719 waarden de omkriten fan Utert in spylbal tusken de twa machten, dêrby wie it behearskje fan de âlde Romeinske grinsfersterkings faaks de ynset fan de fijannichheden. De Friezen wienen yn de perioade dêroanfoarôfgeand in macht fan betsjutting wurden en ha' besocht har gesach wer nei it suden út te wreidzjen. Healwei de 7e iuw wie it castellum fan Utert in har besit kaam en sit wurden fan de Fryske keningen.

Sa om en de by 690 besochten de Franken fannijs it gebiet werom te winnen en fierde Pippyn II in fjildtocht tsjin de Friezen. By Doarestêd (Wyk by Duerstede) waarden de Friezen ferslein en sa kaam Utert wer yn hannen fan de Franken. Dy Frankyske oerwinning lei de grûnslach foar de neikommende misjewarberens fan Willibrord en dêrnei Bonifatius fan it Utertse castellum út.

  • W.A. van Es en W.A.M. Hessing, Romeinen, Friezen en Franken, in het hart van Nederland, Utrecht-1994, siden 90-91.