Slach by Iselmonde
De Slach by Iselmonde wie op 8 juny 1076. Yn dizze slach fersloech de Hollânske greve Durk V it leger fan de biskop fan Utert. Durk V ferovere dêrmei it 'greefskip Frisia' (Hollân) werom.
Oanlieding
bewurkje seksjeYn 1070 wienen de jonge greve Durk mei syn mem Gertrude (de widdo fan greve Florens I) fuortjage út harren greefskip. It gesach oer it gebiet waard oernomd troch hartoch Godfried ‘mei de Bult’ en biskop Willem fan Utert.
De greve fan Flaanderen Robrecht ‘de Fries’ joech Gertrude en har soan asyl en troude mei har. Troch de aktive bemuoienis fan Robrecht is te tanken dat Durk letter syn greefskip werom oermasterje koe. Yn de tuskentiid boude de Utertse biskop Willem in sterk kastiel bylâns de rivier by Iselmonde, tichtby it grûngebiet fan de Flaamske greve.
Doe't Durk âlder waard, makke hy snoade plannen om syn greefskip werom te krijen. Syn earste plan hâlde in moardoanslach yn op hartoch Godfried dy't yn febrewaris 1076 slagge.
De Utertske biskop Willem stoar twa moannen letter en waard opfolge troch biskop Koenraad fan Swaben. Dizze nije biskop fersterke it kastiel yn Iselmonde.
Ferrin fan de striid
bewurkje seksjeNeffens de Annalen fan Egmond dêr't sawat 40 jier it foarfal op skrift steld waard, hied Durk in sa grut mooglik leger om hinne samle en mei help fan Robrecht foel er de biskop fan Utert oan. Op 8 juny 1076 ferskynt in grutte oarlochsfleat út Flaanderen by Iselmonde.
De oanfallers wienen tige súksesfol yn de striid. In soad manlju fan de biskop sneuvelen yn de striid en it kastiel fan Iselmonde waard folslein yn de jiske lein. Ek waard de biskop finzen nommen.
Troch de oerwinning hie Durk de macht oer syn greefskip wêrom krigen.
Betsjutting
bewurkje seksjeDe Slach by Iselmonde markearret de ein fan in roerige perioade út de skiednis fan West-Fryslân en Hollân. Yn de 11e iuw makken sawol de Fryske greven as de biskoppen fan Utert oanspraak op it gebiet en dêrtroch wienen der oan ien tried wei krigen en moardoanslaggen.
Boarnen
bewurkje seksje- Aa, A.J. van der, Biographisch Woordenboek der Nederlanden, van Brederode, Haarlem, 12 dielen, 1852 – 1878. Sjoch 'Coenraad' foar it ferslach oer Iselmonde.
- Annales Egmundenses, edysje M. Gumbert-Hepp, J.P. Gumbert & J.W.J. Burgers, Annalen van Egmond, Verloren, Hilversum, 2007 (folsleine tekst mei Nederlânske oersetting).
- Beke, J. de, Chronographia, edysje H. Bruch, Nijhoff, ´s-Gravenhage, 1973 (de folsleine Latynske tekst). Online te rieplachtsjen.
- Bella Campestria, edysje S. Muller Fzn., Trije lytse Utertske kroniken, foar Beka’s tiid, Bydragen en meidielingen fan it Histoarysk Genoatskip (BMHG),11, 1888, siden 460 – 509.
- Rijmkroniek van Holland (366-1305), ed. J.W.J. Burgers, Ynstitút foar Nederlânske Skiednis, Den Haach, 2004 (folsleine tekst mei wurdferklearjend kommentaar). Ek online te rieplachtsjen.
- Nieuwenhuijsen, K. & Ridder, T. de, Ad Flaridingun. Vlaardingen in de elfde eeuw, Verloren, Hilfersom, 2012 (alle skreaune boarnen oanbelangje Flaardingen en omkriten yn de 11e iuw, yn it Latyn en yn Nederlânsk oerset).