De slach by Resaina wie yn 243 en gie tusken it Romeinske leger dat ûnder befel stie fan Timesiteus en it leger fan de Sassaniden, laat troch Sjapûr I. By Resaina yn it noarden fan Mesopotaamje waarden de Sassaniden troch de Romeinen ferslein.

Under keizer Gordianus III wienen de Sassaniden de grins oerstutsen en hiene Romeinsk grûngebiet mei û.o. de Romeinske stêden Hatra, Nisibis en Carrhae bemastere. Sy waarden yn dy tiid regearre troch Sjapûr I, dy't syn heit Ardashir opfolge wie as sjah (kening) fan it Perzyske ryk. De Romeinske keizer Gordianus koe dit net sa gewurde litte en sammele in grut leger byïnoar en luts op tsjin op tsjin de Sassaniden. De slach fûn plak by dizze kampanje en waard laat troch syn fildhear Timesiteus.