Slach yn it Baduhennawâld

(Trochferwiisd fan Slach by it Baduhennawâld)

De Slach yn it Baduhennawâld wie yn 28 nei Kr. in militêr treffen tusken de Friezen en de Romeinen. De Romeinen waarden troch de Friezen ferslein.

In 28 wienen de Friezen yn opstân kaam, fanwegen Olennius, de nije lânfâd, die de belestings yngripend ferhege en hurd optrede tsjin de rebûlje dy't hjir it gefolch fan wie.

De Friezen hellen in legermacht byinoar en foelen de Romeinen oan by it castellum Flevum, yn de omkriten fan Felsen. Nei fûleindige fjochterij koenen de ferdigeners mei lijen de Friezen fan har ôfslaan. Lucius Apronius, de befelhawwer fan it Romeinske grinsleger oan de ûnder-Ryn, stjoerde mei boaten hastich fersterkings nei it noarden ta, tenein de opstân del te slaan. Doe it leger oankaam yn it gebiet fan de Friezen lutsen dy harren werom yn it wâld fan Baduhenna. It is net dúdlik wêr't dat bosk lein hat. It fermoeden is by Heiloo, fanwegen de ferklearring fan de namme: Hillich bosk. Wis is dat lykwols net. De Friezen hiene neffens de Romeinen it foardiel, hja koene it wâld. De Romeinen sels wiene te swier bewapene foar striid yn 'e bosk. De slach yn it wâld rûn út op in grutte oerwinning fan de Friezen. Neffens de oerlevering waarden njongenhûndert soldaten dea makke en hawwe fjouwerhûndert elkoar sels fermoarde, omdat sy bang foar ferried wiene. De oerlibjenden flechten werom nei it suden. De Romeinen stjoerden gjin strafekspedysje nei de Friezen, wêrmei't de Friezen harren frijheid werom wûn hienen. Earst yn 47 kamen de Romeinen ûnder Korbulo. De Friezen waarden doe al ferslein, mar keizer Klaudius besleat de grins fan it ryk by de Ryn te lizzen.