In slafink is in rôltsje bargegehak omwuolle mei spek. Dat wurdt sa yn de bûter of oalje bret yn in koekpanne en as fleis by it middeis- of jûnsmiel iten. It is belangryk dat it brieden op net te heech fjoer dien wurdt, oars is it spek oanbaarnd eardat it gehak gear is. De foarm fan de slafink giet werom op in brette slachfink en hat neat mei s(a)laad te krijen.

Slafinken

De slafink is ien fan de meast iten kant-en-kleare fleisprodukten yn Nederlân, nettsjinsteande de priis, want omrekkene de kilo, wurdt by de slafink it meast foar it gehak betelle.

Oarspronklik wie in goede slafink omwuolle troch trije plakjes spek. [1] Troch it koste-aspekt en de produksjetiid meitsje in soad slachters de slafinken tsjintwurdich mei ien of op syn heechst twa plakjes spek.

De slafink is in fariant fan de oarspronklike bline fink.

  1. J.W. Baretta (red.), Moderne beenhouwerij en charcuterie in woord en beeld (N.V. Centraal Boekhuis, Antwerpen, twadde printinge, 1965), 260

Keppeling om utens

bewurkje seksje