Sleepy Hollow (New York)
Sleepy Hollow, ('Slieperich Buorskip') is in doarp yn Westchester County, yn de Amerikaanske steat New York. It plak hat 10.124 (1716/km²) ynwenners (2006).
Tusken 1874 en 1997 hjitte it doarp North Tarrytown, mar maart 1997 krige it de namme Sleepy Hollow fannijs. Fan ein Amerikaanske Revolúsje ôf waard it doarp by de gemeenten yn de omkriten foege om meiinoar yn 1874 ien gemeente te wurden. It plak hat yn it ferline ek de namme Beekmantown of Beekmansdorp hân.
Yn Sleepy Hollow is de Philipsburg Manor te finen, in âlde hannelspost mei in wettermûne. It plak waard ferneamd troch de ferhalen fan skriuwer Washington Irving, dy't dêr ek op in hôf leit. Syn boeken binne mear as ien kear ferfilme, sa as yn 1999, Sleepy Hollow mei Johnny Depp yn de haadrol. Fierders stiet dêr de âlde bûtenpleats Kykuit mei leafst 18 keamers.
Tsjerke
bewurkje seksjeDe 'Alde Nederlânske Tsjerke fan Sleepy Hollow', is in 17e-iuwske tsjerke. De tsjerke mei 12 hektare lân, komt prominint foar yn Washington Irving syn koarte ferhaal The Legend of Sleepy Hollow. It bouwurk is ien fan de âldste yn de steat New York, boud troch Nederlânske emigranten.
Keppeling om utens
bewurkje seksje