Slot Charlottenlund
Slot Charlottenlund (Deensk: Charlottenlund Slot) is in lyts paleis yn 'e omjouwing fan 'e Deenske haadstêd Kopenhagen.
Slot Charlottenlund | ||
kastiel | ||
Lokaasje | ||
lân | Denemark | |
regio | Haadstêd | |
gemeente | Gentofte | |
adres | Jægersborg Allé 1, 2920 Charlottenlund | |
koördinaten | 55° 45' N 12° 34' E | |
Skiednis | ||
boujier | bou 1731-1733 ferbouwing 1880-1881 | |
Oars | ||
boustyl | barok, Frânske neorenêssânse | |
hjoeddeisk gebrûk | hotel-restaurant | |
Webside | ||
charlottenlundslot.dk | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1730 joech kening Kristiaan VI it paleis Gyldenlund oan syn suster prinses Charlotte Amalia (1706-1782).
Hja liet dêr oer de fûneminten fan it âlde Gyldenlund-paleis tusken 1731 en 1733 in nij slot bouwe. De bou stie ûnder lieding fan H.H. Scheel en der waard nei alle gedachten wurke neffens ûntwerpen fan 'e Deenske boumaster Johan Cornelius Krieger. It boumateriaal kaam foar in grut part fan it slot yn Kopenhagen, dat yn dy tiid ôfbrutsen waard foar de bou fan 'e earste Christiansborg. Prinses Charlotte Amalia mocht der graach wêze en har namme gie op it slot oer. Hja bleau dêr oant har dea yn 1782 wenjen.
Dêrnei bewennen ferskillende leden fan 'e keninklike famylje Charlottenlund. Healwei de 19e iuw wie it slot foar in hiel skoft de simmerresidinsje fan kening Kristiaan VIII's suster prinses Charlotte en har man lângreve Willem fan Hessen-Kassel. Oars as doe wenst wie, stie de tún iepen foar it publyk en in soad ynwenners fan Kopenhagen mochten dêr graach kuierje. Tichteby lei Over Stalden, in gelegenheid dêr't wat dronken wurde koe mei dêr omhinne attraksjes lykas Dyrehavsbakken.
Yn 1869 brûkten kroanprins Freark (de lettere Freark VIII fan Denemark) en syn frou Louise fan Sweden it slot as harren simmerresidinsje. Hja krigen hjir twa soannen, de lettere keningen Kristiaan X fan Denemark en Haakon VII fan Noarwegen.
Ferbouwing
bewurkje seksjeTusken 1880 en 1881 fûn der in grutte ferbouwing plak mei't der twa nije fleugels en in koepel mei in lantearne tafoege waarden. De boustyl fan it oarspronklik barokke slot feroare troch de tafoeging fan de nijbou yn 'e styl fan 'e Frânske renêssânse. Ferantwurdlik foar de ferbouwing wiene de arsjitekt Ferdinand Meldahl en de útfierder Christian Peder Wienberg. Yn 1883 foege Meldahl noch stâlen en in bedriuwsgebou oan 'e Jægersborg Allé ta.
Keninginne Louise bleau as widdo oant har dea yn 1926 yn it slot wenjen. Sûnt 1935 waard it slot net mear troch de keninklike famylje brûkt. Tusken dat jier en 2017 hiene ferskillende organisaasjes yn it slot ûnderdak.
Hjoed-de-dei wurdt it slot brûkt as hotel-, kultureel, kongres- en evenemintensintrum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: dk:Charlottenlund Slot.
|