Slot Egeskov
It Slot Egeskov is in wetterboarch yn Kværndrup súdlik fan Ringe yn de gemeente Faaborg-Midtfyn, Denemark. It slot is ien fan Jeropa's bêst bewarre wetterkastielen en waard yn 1554 boud troch ryksmaarskalk Frands Brockenhuus (1518–1569). It tsjintwurdich 1.137 hektare grutte lângoed sels is âlder en datearret út de 14e iuw.
Slot Egeskov | ||
kastiel | ||
Lokaasje | ||
lân | Denemark | |
regio | Súd-Denemark | |
gemeente | Faaborg-Midtfyn | |
plak | 5772 Kværndrup | |
adres | Egeskov Gade 18 | |
koördinaten | 55° 10' N 10° 29' E | |
Skiednis | ||
boujier | 1554 | |
Oars | ||
type | wetterkastiel | |
boustyl | Renêssânse | |
Webside | ||
www.egeskov.dk | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe earst bekende eigner fan it lângoed wie in lid fan it skaai Skinkel yn it begjin fan de jierren 1400. Yn dy tiid hiet it goed Egeskovgaard. It skaai Skinkel besiet it goed foar mear as 150 jier, mar troch in houlik mei Anne Tinhuus Skinkel yn 1545 kaam it yn hannen fan Frands Brockenhuus, dy't it hjoeddeiske wetterslot yn renêssânse styl bouwe liet.
Troch de politike ûnrêst, de reformaasje en de Deenske boargerkriich fan 1534 oant 1536 lieten in soad grutgrûnbesitters yn dy tiid harren hûzen ferbouwe ta in dreech yn te nimmen fêsting. Dat die ek Frands Brockenhuus, dy't syn boarch midden yn in grutte fiver boude. Neffens de oerlevering moast it slot op sa'n soad iken peallen boud wurde, dat dêr it hiele ikebosk foar nedich wie, itjinge de namme Egeskov (oers.: Ikewâld) ferklearret.
Oant 1784 bleau Egeskov yn hannen fan it neiteam fan Brockenhuus. Yn 1784 kocht Henrik Bille-Brahe (1709–1789) it slot, dy't út it aadlik skaai Bille stamde. Oant 1882 bleau it slot yn it besit fan de famylje Bille-Brahe, doe't it oerdien waard oan Julius Ahlefeldt-Laurvig-Bille. Hy liet it slot troch de Sweedske arsjitekt Helgo Zettervall renovearje. De spitsen fan de toer waarden verhege, de trepgevels rekonstruearre en it poartegebou waard boud. Noch jimmeroan is syn neiteam yn it besit fan it slot. Sûnt 1986 is it slot iepensteld foar toeristen.
Musea
bewurkje seksjeSlotmuseum
bewurkje seksjeIt wichtichste diel fan de museale gebouwen is it slot sels. Yn it slot binne tsjien pronkkeamers oer twa etaazjes en in útstalling ûnder it dak te sjen. Meubilêr, skilderijen, muzykynstruminten, porslein en tal fan oare keunstwurken dokumentearje de lange skiednis fan it hûs.
Titanias Paleis
bewurkje seksjeIt bekendste útstallingsobjekt is it tige grutte poppehûs "Titanias Paleis", dat ferneamd waard nei de elfenkeningin Titania. De Ingelske ofsier Sir Neville Wilkinson boude mear as 15 jier oan it keunstwurk. It keamergrutte paleis bestiet út mear as 3.000 keunstobjekten, dy't tige krekt yn details makke. Under de miniatuerromten fan it paleis is bygelyks ek in kapel mei in te bespyljen oargel.
Oare musea
bewurkje seksjeYn de oare gebouwen binne ferskate oare musea ûnderbrocht. Dêrûnder in museum foar oldtimers oant de jierren 1970, fleantugen en motors, in museum oer it de skiednis fan it rêdingswêzen fan Denemark en in útstalling fan poppehûzen. Oare útstallings geane oer de skiednis fan de lânbou, de hannel en de ambachten.
Tún
bewurkje seksjeDe om de fivers hinne oanleine tunen ûnstiene fasearre en wurde ek hjoeddedei noch jimmeroan fergrutte en foar de toeristen oanpast. In offisjele tagong foar it slot oer waard yn de jierren 1950 rekonstruearre.
Yn it noardeastlike, net foar it publyk tagongklike, diel is in histoarysk doalhôf fan hagebeuken, dy't yn it plan foar in grut part liket op it ferneamde doalhôf by Hampton Court Palace. It doalhôf is yn 1733 oanlein. Súdeastlik fan de slotfiver leit in doalhôf fan de multykeunster Piet Hein, in neikommeling fan de Nederlânske seeheld Piet Hein. Mear labyrinten om it slot hinne binne yn de moderne tiid oanplante.
De tún waard yn de kategory "Fiedere ûntjouwing histoaryske túnkompleksen" yn 2012 mei de Jeropeeske Túnpriis ûnderskieden fan it European Garden Heritage Network.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútskktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Schloss Egeskov
|