Slot Neuhaus (Paderborn)

It Slot Neuhaus (Dútsk: Schloss Neuhaus) is in wetterkastiel yn renêssânsestyl yn it Paderborner stedsdiel Schloss Neuhaus yn 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. Fan 1370 oant de Frânske tiid wie it slot de residinsje fan 'e prinsbiskoppen fan Paderborn.

Slot Neuhaus
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Noardryn-Westfalen
plak 33104 Paderborn
adres Schloßstraße 10
koördinaten 51° 44' N 8° 42' E
Skiednis
stifter Diederik fan Fürstenberg
boujier 1546-1618
Oars
hjoeddeisk gebrûk skoalle; museum
Webside
www.schlosspark-paderborn.de
Kaart
Slot Neuhaus (Noardryn-Westfalen)
Slot Neuhaus
Diederik fan Fürstenberg

It kastiel waard tichteby it gearrinnen fan 'e rivieren Pader, Lippe en Alme yn opdracht fan prinsbiskop Diederik fan Fürstenberg tusken 1546 en 1618 yn 'e styl fan 'e iere Wezerrenêssânse boud.

It bouwurk is oanlein yn in fjouwerhoek mei twa foar inoar oer lizzende tagongspoarten en hat op 'e fjouwer hoeken tuorren. Yn 'e tiid fan prinsbiskop Klemens August fan Beieren (1700-1761) waard in barokke pronkseal yn it kastiel ynrjochte.


Slot Neuhaus wurdt oan alle kanten omfieme fan in grêft. By it kastiel leit in barokke tún en in park mei ferskillende gebouwen.

It grutste part fan it kastiel wurdt hjoed-de-dei as skoalle brûkt. Yn 'e 18e-iuwske barokke stâl binne twa musea ûnderbrocht, in keunstmuseum en in natoermuseum.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Schloss Neuhaus, Paderborn fan Wikimedia Commons.