In smash is in term út it follybal, it badminton en it tennis. It is de meast brûkte manier om in punt te meitsjen by de tsjinpartij.

In smash fan Roger Federer

De spulferdieler jout in set up, dêrnei slaat de oanfaller de bal hurd oer it net. Mei behelp fan de goede technyk sil de bal rjocht nei ûnderen slein wurde. Troch gebrûk fan de pols kin de rjochting oanpast wurde. In smash wurdt ienfâldichwei ek wol oanfal neamd. In smash wurdt faak makke oan it net, mar it is ek mooglik om de oanfal fan de trije meter line ôf út te fieren, dêrtroch kin de tsjinstander ferrast wurde. De bedoeling is de bal sa koart mooglik oer it net te slaan.

By it badminton komt in smash as de tsjinstander it plûmke noch spilet. Mei behelp fan de goede technyk sil it plûmke strak en hurd oer it net slein wurde rjochting de grûn. Dêrby kin it plûmke in tige hege gong krije. It rekord yn de badminton is 332 km yn 'e oere, slein troch Fu Haifeng. Mei dêrtroch is badminton de fluchste binnensport fan de wrâld.