Smolensk
Smolensk (Russysk: Смоленск, útsprekke as [smʌˈlʲensk]?; Wyt-Russysk: Смаленск, Smalensk; Poalsk: Smoleńsk) is in stêd yn it westen fan Ruslân (360 km súdwest fan Moskou) en leit oan de rivier Dnjepr. It is it bestjoerlik sintrum fan de Smolensk. De stêd is ferneamd nei de rivier de Smolnja, mar de oarsprong fan dy namme is net sa dúdlik. De namme soe ûntstien wêze kinne út smola dat tarre of hars betsjut. Yn de kontreien groeie in protte dinnen (Pinus), dêrom wie it fanâlds in wichtich ferwurkingssintrum fan hars. In alternative ferklearring soe it Slavyske wurd smol wêze kinne, dat 'swarte grûn' betsjut.
Smolensk
Смоленск | ||
Maria-Himelfeartkatedraal yn Smolensk | ||
Bestjoer | ||
Lân | Ruslân | |
Oblast | Smolensk | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 320.170 (2021) | |
Oerflak | 166,35 km² | |
Befolkingsticht. | 1.924 ynw. / km² | |
Hichte | maks. 242 m | |
Oar | ||
Stifting | 862 | |
Tiidsône | MSK (UTC+3) | |
Simmertiid | UTC+4 | |
Koördinaten | 54° 47' N 32° 3' E | |
Offisjele webside | ||
(ru) www.admcity.smolensk.ru |
Ekonomysk fan belang foar Smolensk binne elektronika, tekstylyndustry, fiedselferwurking, diamantslypjen en masinebou foar de agraryske sektor.
De beskermhillige fan de stêd is de hillige Abraham fan Smolensk.
Nije skiednis
bewurkje seksjeTroch syn strategyske lizzing hat Smolensk faak it toaniel fan fûle fjildslaggen west. Yn 1812 kaam Napoleon by Smolensk oan, dêr't de (Earste) Slach by Smolensk syn beslach krige, dy't wûn waard troch de Frânsken. Dy slach is letter troch Leo Tolstoj yn syn roman 'Oarloch en frede' beskreaun. Likernôch 20.000 man sneuvelen.
Nei de Russyske Revolúsje kaam Smolensk oan Wyt-Ruslân. Op 1 jannewaris 1919 waard de sovjet-republyk Wyt-Ruslân útroppen yn Smolensk. Letter waard Smolensk oan de sovjetrepublyk fan de Russyske Federaasje tawiisd.
Under de Twadde Wrâldkriich wie Smolensk yn 1941 wer it toaniel fan in grutte fjildslach. Meidat de stêd yn dizze Twadde Slach by Smolensk sa lang hoekhâlde, koenen de Russen de ferdigeningslinys om Moskou hinne op oarder bringe. Foar de ferdediging fan de stêd, dêr't 93% fan de stêd by ferwoastge waard en it orzjinele ikoan (taskreaun oan Lukas) ferlern gie, waard Smolensk yn 1985 de status fan heldestêd takend.
Op 10 april 2010 stoarte by it militêr fleanfjild fan Smolensk in Poalsk regearingsfleanmasine del. Alle ynsittenden, ûnder oaren de Poalske presidint Lech Kaczyński, ferlearen it libben. De Poalske regearingsdelegaasje hie yn de omkriten fan Smolensk de betinking fan it bloedbad fan Katyn bywenje sillen.
-
Smolensk yn 1912
-
Stasjon fan Smolensk yn 2005
-
Earnmonumint, betinking 100 jier oerwnning op Napoleon
Demografy
bewurkje seksjeJier | 1897 | 1899 | 1926 | 1939 | 1959 | 1970 | 1975 | 2005 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Befolking | 46.900 | 56.400 | 79.000 | 157.000 | 147.000 | 211.000 | 250.000 | 316.500 | 320.170 |
Bekende minsken út Smolensk
bewurkje seksje- Aleksander Beljayev – Sovjet SF-skriuwer
- Michail Glinka – komponist
- Sergej Konenkov – byldhouwer
- Semjon Lavotsjkin – fleanmasineûntwerper
- Anatoly Lukjanov – politikus
- Gregori Maximoff – politikus
- Grigory Potyomkin – steatsman
- Aleksandr Tvardovsky – skriuwer
- Eduard Khil – sjonger