Snert, ek wol Griene Earte, is tjokke sop, makke fan splitearten. Yn oare lannen as Ingelân en Dútslân wurde ek wol soarten eartesop iten, en yn guon oare parten fan Nederlân wurdt de snert op in oare wize makke as de tradisjonele Fryske snert dy't yn de winter iten wurdt. De sop smakket foar de measten it bêst as dizze yn in grutte mannichte makke wurdt, en dêrnei foar it iten noch efkes in dei stiet. Kuolle bliuwt de sop in stik as wat dagen goed, mar hy kin ek best ynferzen wurde. De mannichten fan de ferskate yngrediïnten kinne faak sels keazen wurde. Yn totaal moatte der safolle grienten by it sop dien wurde dat de brij tige tsjok wurdt.

In panne snert.

In protte tradisjonele resepten hawwe as ienige griente knolselderij en prei. Dus gjin ierdappels, woartels en sipels. Benammen oer it derby dwaan fan ierdappels ferskille de mienings, it wurdt faak dien om de sop dikker te krijen en sa de siedtiid te ferkoartsjen.

Tradisjoneel wurdt de sop iten mei roggebrea, belein mei in stik katenspek, tsiis of bûter. Ek wurde der wol pannekoeken nei de snert iten, in tradysje dy’t ek yn Skandinavyske lannen bestiet.

Hoe te meitsjen

bewurkje seksje

Yngrediïnten

bewurkje seksje

Foar it meitsjen fan de Fryske snert moatte ûndersteande yngrediïnten brûkt wurde:

  • 500 gram splitearten
  • 4 bûljonblokjes
  • 1 knolselderij
  • 2 winterwoartels
  • 1 prei
  • 1 pûde sopgriente
  • 250 gram rikke spekblokjes
  • 500 gram hamlappen
  • 4 sausizewoarsten
  • 1 farske Fryske woarst

It tameitsjen

bewurkje seksje

Om de Fryske snert te meitsjen moat it neikommende barre.

Waskje de splitearten goed oant it spielwetter skjin bliuwt. Set it wetter op mei de splitearten. As it fjoer oan de kôk is moatte de bûljonblokjes derby, de sneden knolselderij en de spekblokjes. Nei in heal oere sêft protteljen kin ek de rêst fan it fleis derby. Tink derom dat der goed rearden wurde moat.

Dan moat de boel wer in heal oere prottelje (en goed rearden wurde), wêrnei de sopgriente derby kin. No kin de sop goed 1,5 ta 2 oeren op heul sêft fjoer stean bliuwe. Ek no moat der omtinken wêze foar it rearden.

Hjirnei kin de snert iten wurde, mar de snert is oer it algemien it bêst at it in nacht stien hat.

Let wol, snert is der yn in protte fariaasjes en ferskate soarten fleis en yngrediïnten kinne derby of just der net by dien wurde.