Snip en Snap
Snip en Snap wie in komysk duo besteande út Willy Walden (Snap) en Piet Muijselaar (Snip). Mei harren eigen revu lutsen se yn de perioade fan 1937 oant 1977 folle sealen.
Skiednis
bewurkje seksjeSnip en Snap waard betocht troch Jacques van Tol, dy't it foar in grut part ôfsjoen hie fan in act fan it duo Lion Solser en Piet Hesse: "Wip en Snip". Walden en Muijselaar wiene foar it earst Snip en Snap yn 1937 yn in útsjoering fan it AVRO-radioprogramma De bonte dinsdagavondtrein. It duo hie yn 't earstoan gjin nocht oan it yn frouljusklean útwikseljen fan brike grapkes, mar oanstean fan teäterprodusint René Sleeswijk woene se yn in radioútstjoering foar ien kear wol in útsûndering meitsje. It optreden wie it publyk sa entûsjast oer, dat de AVRO in promoasjetoernee by Sleeswijk bestelde dêr't Snip en Snap yn as publykslûkers fungearje moasten. Nei in jier ferfette Sleeswijk de toernee los fan de AVRO ûnder de titel De Snip & Snap Revue; sadwaande soe de útsûndering foar ien kear fjirtich jier oanhâlde. Fan 1950 ôf stie de revu alle jierren in oantal moannen yn Teäter Carré.
Willy Walden sei yn in fraachpetear: "Ik was zelf helemaal niet dol op die jurken. We vonden het eigenlijk allebei vreselijk. Maar ja, het hoorde erbij. De mensen bleven erom vragen. En dan doe je die jurk toch maar weer aan."
Liet
bewurkje seksjeJuffer Snip en juffer Snap makken ûnder oare furoare mei it grappich lietsje:
- Want Snip snapt niet wat Snap snapt.
- En Snap snapt niet wat Snip snapt.
- Als Snip Snap snapt en Snap snapt Snip,
- verdwijnt het Snip en Snap begrip.
- Maar Snip snapt niet wat Snap snapt
- en Snap snapt niet wat Snip snapt.
- Als Snap Snip snapt en Snip snapt Snap,
- doen Snip en Snap geen klap.
Telefyzje
bewurkje seksjeFan 1961 ôf oan wie it duo Snip en Snap ek op telefyzje te sjen. By de protte bekende artysten dy't yn de Snip & Snap Revu optreden hearden Corry Brokken, Donald Jones, Teddy Scholten en Mieke Telkamp. In protte teksten waarden skreaun troch Max Tailleur en Jacques van Tol, en de shows waarden regissearre troch Ger Lugtenburg.